Thijs Römer feroardiele ta sel- en wurkstraf yn sedesaak

© ANP
Akteur Thijs Römer is skuldich befûn foar it ferlieden fan famkes en it krijen fan berneporno. Hy wurdt feroardiele ta trije moannen finzenisstraf dêr't 2 moannen fan ûnder betingst binne.
Dêrnjonken wurdt in maksimale wurkstraf fan 240 oeren oplein. Hy moat ek meiwurkje oan terapy. Neffens de rjochter koe Römer witte dat de famkes minderjierrich wienen en hat hy gebrûk makke fan syn oerwicht. De rjochtbank fûn de ferklearringen fan de slachtoffers betrouber.
"Deze verdachte heeft van zijn 'Bekende Nederlanderschap' een soort misbruik gebruikt, in een sfeer van overwicht gebruikt. Dat neemt de rechtbank de verdachte kwalijk", seit parserjochter Marcel Wolters.

Net yn rjochtseal

Römer wie sels net yn de rjochtbank by de útspraak yn syn saak. De 45-jierrige akteur wurdt derfan beskuldige tusken 2015 en 2017 online foto's en tekstberjochten fan seksuele aard útwiksele te hawwen mei trije minderjierrige famkes, dêrfan komt ien út Fryslân.
De trije slachtoffers hawwe oanjûn gjin 'nee' sizze te kinnen tsjin fersiken fan de akteur omdat sy benaud wiene it kontakt mei harren idoal te ferliezen.

Heger dan eask

De opleine straf is heger dan de eask fan it IM, dy't in wurkstraf fan 240 oeren en in finzenisstraf ûnder betingst wie. "Alleen een werkstraf opleggen, of een werkstraf in combinatie met één dag gevangenisstraf, doet aan de gevolgen voor de slachtoffers en het rechtsgevoel in de samenleving geen recht", ferklearret de rjochtbank.
De fertochte wie al begûn mei in behanneling by in ynstelling, dêrfan seit de rjochter dat hy der mei trochgean moat en ôfmeitsje moat. "De rechtbank vindt het van heel groot belang dat herhaling wordt voorkomen", seit Wolters.
Römer en syn advokaat sille de útspraak "in alle rust bestuderen", sa seine sy foar de útspraak.