Rjochter jout oardiel yn sedesaak Thijs Römer

Römer ferlit de rjochtseal © ANP
De bekende akteur Thijs Römer krijt hjoed fan de rjochter te hearren oft er skuldich is oan online-sededelikten mei minderjierrige famkes.
Römer (45) stie twa wiken lyn foar de rjochter omdat er tusken 2015 en 2017 foto's en tekstberjochten útwiksele hawwe soe mei famkes fan 14 oant 16 jier âld. Ien fan dy famkes komt út Fryslân.
Justysje easke in wurkstraf fan 240 oeren, en in finzenisstraf fan 90 dagen, dêr't 89 fan ûnder betingst binne. Dy iene dei dy't oerbliuwt soe Römer ek net útsitte moatte, omdat er meardere dagen heard is troch de plysje. As it oan Justysje leit soe Römer him ferplicht ûnder behanneling stelle litte moatte.
Dizze reportaazje makken we doe't Römer foar de rjochter stie:
De rjochtsaak yn goed oardel minút: Wêr wurdt Römer fan fertocht?
De akteur hat tsjin de rjochter sein dat er 'in grins oer' gien is, en dat er mei de famkes yn de appgroep prate oer seksualiteit en masturbaasje.
"Zij was 14, ik veel ouder en ook nog een bekende acteur. Dat heb ik toen niet in het oog gehad. "Dat hele appen had überhaupt niet moeten gebeuren."
Ien fan de famkes seit dat se bleatfoto's fan harsels stjoere moast, as se in figuranterol hawwe woe yn in searje dêr't Römer in haadrol yn spile. Römer sels ûntkent dat der sprake wie fan twang, mar Justysje beskuldiget him wol fan it hawwen fan berneporno.
Römer sels seit dat de effekten fan de saak op syn privee- en wurklibben "niet groot, maar gigantisch" binne. Hy soe al in jier gjin wurk mear ha: hy is út films knipt, is rollen kwytrekke, en syn famylje wrakselet mei de situaasje.