Karter Jelte Bouma fan Marrum hat in dúdlik doel: Nederlânsk kampioen wurde

Jelte Bouma © RTV NOF
De 15-jierrige Jelte Bouma fan Marrum rydt hiel Nederlân ôf om te karten. Dat docht der goed, want hy makket kâns om Nederlânsk kampioen yn de senioareklasse te wurden. Yn dy klasse is hy de jongste dielnimmer.
Mei syn heit Hendrik is hy wykeins hast altyd op 'en paad om te trainen. Hy rydt al sa'n fjouwer jier, mar dit seizoen foar it earst yn de senioareklasse. Hy hat syn earste NK-racewinst al binnen.

Adrenaline

Ofrûne snein stie in trainingsdei op it TT Junior Track by Assen op it programma. Heit Bouma is flak foar it begjin fan de earste sesje noch drok oan it sleuteljen. Dat docht Jelte ek wol, mar hy rjochtet him foaral op it riden.
"Gewoan de snelheid, en de start. As de ljochten útgean sjochst en mei 25 man op de earste bocht ôfkomst. Dat jout safolle adrenaline", fertelt Jelte.

Histoarysk sirkwy

Sûnt dit jier rydt Jelte yn de ID Engines Senior-klasse. Begjin maart pakte hy fuortendaalks in oerwinning op de Erftlandring yn it Dútske Kerpen: in sirkwy dêr't earder Formule 1-wrâldkampioenen ek harren meters makken.
"Sebastian Vettel en Michael Schumacher binne dêr ek begûn", sa seit Jelte. "Op dat sirkwy is Schumacher wrâldkampioen karten wurden, it is wol in histoarysk sirkwy."
Op de training dogge de koereurs noch rêstich oan, mar dochs helje de karts al snelheden fan goed hûndert kilometer de oere. Foaral de akseleraasje fan de masinen is yndrukwekkend.
Soms ek wol in bytsje spannend, fynt heit Hendrik. "Foaral de start hè, dan slacht it hert dy wol flink yn 'e kiel. Mar as se ien kear fuort binne en der groepkes foarme wurde, dan bist wol wat relaxter."
Jelte wol hiel graach fierder yn de autosport, mar om ynternasjonaal echt troch te brekken is neist talint noch wat oars nedich: jild. "It kostet in soad sinten, wy binne ôfhinklik fan sponsoaren", fertelt Hendrik. "Ik hoopje dat wy takom jier ynternasjonaal ek in wedstriid meipikke kinne, en miskien mear."

Nederlânsk kampioen?

"Uteinlik wol ik fansels autokoereur wurde", seit Jelte mei klam. "Yn it karten wol ik safolle mooglik winne. As it in bytsje mei, moat it Nederlânsk kampioenskip dit jier al goedkomme tink ik."