Fuotbalster Tiny Hoekstra tekenet twa jier by Ajax by

Tiny Hoekstra © Orange Pictures
Fuotbalster Tiny Hoekstra fan Rinsumageast hat har kontrakt by de froulju fan Ajax mei twa jier ferlinge. Sy is no yn elts gefal oant de simmer fan 2025 wis fan in plak by de klup.
De 26-jierrige Hoekstra kaam yn de simmer fan 2021 oer fan sc Hearrenfean. Sy spile njoggen seizoenen yn ús provinsje foar't sy de oerstap nei Amsterdam makke. By Ajax ferôvere sy ferline jier de KNVB-beker en dit jier it lânskampioenskip.
Ofrûne seizoen waard Hoekstra foar it earst opnaam yn de definitive seleksje fan de Oranjeliuwinnen, mar ta in debút kaam it noch net. Sy hat oant no ta 26 wedstriden foar Ajax spile.