Onderzoeksraad docht ûndersyk nei brân en helpferliening by frachtskip

De Fremantle Highway by de Eemshaven © ANP
De Onderzoeksraad voor Veiligheid set in ûndersyk op nei de brân op de Fremantle Highway. De ried bûget him dêrneist oer de helpferliening dy't fuort nei de brân op gong kaam.
Omdat it frachtskip ûnder Panameeske flagge fear, leit de lieding foar it ûndersyk ek by de Panameeske autoriteiten. De Onderzoeksraad voor Veiligheid wurket wol mei oan it ûndersyk.
Dêrnjonken komt der dus in ferkennend ûndersyk nei de helpferliening: de Onderzoeksraad wol witte hoe't de help krekt op gong kaam en him ûntwikkelde. Tal fan organisaasjes wiene dêrby belutsen, lykas de KNRM, de Kustwacht en Rykswettersteat.
Hast twa wiken lyn ûntstie der in brân oan board dy't sa grut wie dat de bemanning it fjoer net mear ûnder kontrôle krije koe. It skip ferfierde auto's en in part dêrfan wie elektrysk. By dat type auto's is fjoer dreech te bestriden.
Ien fan de bemanningsleden is om it libben kaam. It duorre dagen foardat it fjoer út wie. It skip is yntusken nei de Eemshaven sleept, dêr moat er foar 14 oktober wer wei wêze.