Simmer yn Fryslân: de 'pleeploeg' op Flylân is betiid yn 't spier

Simmer yn Fryslân: de 'pleeploeg' op Flylân is betiid yn 't spier
Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, makket Omrop Fryslân wer in roadtrip by al it moais fan Fryslân del. Op Flylân is it simmerdeis in gesellige boel, al is it waar wat minder.
Dit jier giet Fryslân dwerstroch: de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen. Hjoed wie ferslachjouwer Jantine Stoffers op Flylân.
De 'pleeploeg' op camping Stortemelk is alle dagen betiid klear foar it wurk, al moatte de himmelfroulju wol in sterke mage hawwe. De fjoertoerpachter fan it eilân hat it moaiste berop fan 'e wrâld, fynt er. "Ik haw altyd wat mei de see hân."
Moarn binne we yn Seisbierrum. Sjoch hjir foar de folsleine rûte dizze simmer.