Friezen werom út Slovenië: "Er zat een engeltje op onze schouders"

Sa seach de camping derút © Famylje Voogt
Slovenië is swier troffen troch needwaar. By de oerstreamingen binne seis deaden fallen, ûnder wa twa Nederlanners. De earste Nederlanners binne krekt wer thúskaam. Ek de famylje Voogt fan Ljouwert.
Twa campingstuoltsjes, de paspoarten en in pear telefoans. Dat is it iennichste dat de famylje Voogt mei weromnaam hat nei Ljouwert. Se binne yn de nacht fan snein op moandei al thúskaam.
In freon holp se út de brân troch yn Nederlân in buske te hieren en se fan de camping yn Slovenië op te heljen.
De famylje Voogt fan Ljouwert siet midden yn it needwaar yn Slovenië
"Het was complete chaos daar", seit Fabian Voogt. "Auto's die bovenop elkaar liggen, alle tenten weg, caravans opengereten. Het is eigenlijk een soort oorlogsgebied."
Syn eigen tinte en dy fan syn dochter lizze ferspraat oer it terrein. Fabian lit in foto sjen fan in donker seil om in beam hinne: "Dat is de tent. En hier dat blauwe daar, dat is de tent van m'n dochter."

Yn tsien minuten feroare alles

It gie allegear hiel hurd. Der wie min waar foarsein, seit syn frou Jeanette. "Maar niemand die verwachtte dat het zo zou lopen." Sneontemoarn ier en betiid waarden se wekker fan in sirene. It wie de brânwacht dy't alarmearre wie troch bewenners yn de bergen.
Vanaf het moment dat we wakker werden gemaakt tot de vloedgolf kwam zat een minuut of tien.
Fabian Voogt
Fabian: "Vanaf het moment dat we wakker werden gemaakt tot de vloedgolf kwam zat een minuut of tien. Toen konden we al niet meer met de auto weg."
Syn buorman besocht it al, mar dy siet al gau fêst en koe krekt út de auto yn feiligens komme. Op oanwizing fan de brânwacht binne se fan de camping helle: "We moesten te voet door het water om richting het droge te gaan. Ik heb nog twee kinderen van één van de buren aan de hand meegenomen. De stroming was echt behoorlijk sterk."
Dat soarge ek foar panyk: "Op een gegeven moment besef je: ik moet nu voor mijn leven gaan rennen. Aan de andere kant is er dan ook weer het besef dat je elkaar moet helpen en ga je ervoor."
Dit wie de camping © Famylje Voogt
Alle campinggasten binne der reedlik goed foar weikaam. Jeanette Voogt: "Mensen hebben wat beurse benen fan alle takken die tegen de benen zijn aangespoeld. Maar verder is er niemand gewond geraakt. Er zat een engeltje op onze schouders."
© Famylje Voogt
Se binne djip ûnder de yndruk fan de Sloveenske helpferlieners. Dy bouden yn koarte tiid in skoalle om ta opfangsintrum.
Foar eltsenien wie dêr iten en drinken. "Het was fantastisch. We kregen direct schone kleding, er waren stretchers en dekens. Er was een EHBO-post en medicatie. Ik kan niet anders zeggen dan dat het 'top' was."
Twa stuoltsjes dy't de famylje yn de gaos weromfine koe © Omrop Fryslân
De measte campinggasten binne alles kwyt. "Je kunt alles als verloren beschouwen", seit Fabian. "De auto is total-loss, de kar, de tenten en alle spullen zijn weg."
Sels binne se benammen bliid dat se wer thús yn Ljouwert binne. "Het besef begint nu te komen. De kinderen beginnen hun verhalen te vertellen en het verdriet begint te komen en in te dalen. Dit gaat nog wel even de nodige tijd kosten."

De bern ha gjin skuon mear

De húshâlding moat no ynventarisearje wat it allegearre kwyt is. Op de weromreis is Jeanette al begûn mei bestellen: "De kinderen hebben geen schoenen meer bijvoorbeeld. Die zijn allemaal weggespoeld. Dat geldt voor meer spullen."
De famylje wol graach werom nei de camping. Se ha yn de koarte tiid dy se der stiene in goede bân opboud mei de eigener. "Zeker weten. Ik heb tegen de campingeigenaar Jurre gezegd dat als ze straks weer open zijn, wij zeker weer komen."