Luisterlijn siket frijwilligers: just no ferlet fan in harkjend ear

Mei belangstelling nei in oar harkje, dêr draait it om by de Luisterlijn © Shutterstock.com (Monkey Business Images)
De Luisterlijn is op syk nei frijwilligers yn Fryslân. Dêr hat de organisaasje ferlet fan, want de simmerperioade is foar de telefoanyske helptsjinst de drokste perioade fan it jier.
De pyk is in lanlik fenomeen: ferline jier hie de Luisterlijn it ek al drok yn july en augustus. Yn dy moannen waarden lanlik gemiddeld 27.000 petearen de moanne fierd en ien sa'n petear duorret yn trochsneed 21 minuten.

Ljouwert wol nije oanwaaks

It is in útdaging foar de organisaasje en dat fernimme se ek yn de Fryske haadstêd. "Wy wurkje mei sa'n 50 frijwilligers by de fêstiging yn Ljouwert. Mar dêr binne ek minsken dy't graach ris op fakânsje wolle. It soe moai wêze as wy wat nije oanwaaks krije", seit Riemke de Roo.
Foar nije frijwilligers is in tal saken fan belang, fertelt De Roo. "Wichtich is dat je tiid hawwe, dat je sels stabyl binne en dat je oprjocht nijsgjirrich binne nei it ferhaal fan in oar. Wat ek wichtich is, is dat je der mei kollega's prate oer hoe't je it petear dien hawwe. Je moatte ek leare wolle."
De Luisterlijn © ANP
Ien kear yn de moanne hawwe frijwilligers ek in nachttsjinst. "Want wy binne dei en nacht berikber, ek yn it wykein, mei feestdagen en yn de fakânsje."

Iensumens

De Roo fernimt dat de grutste (efterlizzende) reden wêrom't minsken kontakt opnimme mei de Luisterlijn iensumens is. "In grut part fan de oproppen hat wol te krijen mei iensumens. De oanlieding kin wol oars wêze, mar as je dan trochprate, docht wol bliken dat se net echt minsken om har hinne hawwe dêr't sy terjochte kinne."

Just drokte yn de simmer

"Je soene it miskien net ferwachtsje", seit De Roo oer de drokte yn de simmer. "It is simmer en fakânsjetiid, it libben liket moai en leuk. Mar wy krije in soad oproppen fan minsken dy't dat dochs oars ûnderfine. Minsken dy't net yn de gelegenheid binne om mei fakânsje te gean. Mar ek âldere minsken, dy't de besite misse dy't se oars wol krije."
Wat de Luisterlijn harren dan biede kin? "In harkjend ear. Dat klinkt simpel, mar de minske wol altyd graach oplosse of helpe. Wylst it faak al hiel moai is as sy har ferhaal kwyt kinne, der gewoan tiid is en dat der echt belangstelling is. Dêrtroch fiele minsken harren faak al better."
Yn septimber set de Luisterlijn mei trainingen útein, om nije frijwilligers op te lieden en harren ûnderfining opdwaan te litten.
Wa't ferlet hat fan in harkjend ear, kin terjochte by de Luisterlijn. Belje kin nei 088-0767000, mar fia de webside kinne je ek chatte en e-maile.