De Sportcast is werom: "Mar wy meitsje ús wol soargen"

Sportcast © Omrop Fryslân
De Sportcast is nei de simmerstop wer werom. Eltse moandei binne we der wer en beprate we alles oangeande sc Hearrenfean en SC Cambuur. Hoe komt it dit seizoen?
By Hearrenfean binne der wol soargen. Alteast, dat sei trainer Kees van Wonderen sneon nei de wedstriid tsjin FC Metz. En dus is der ek de fraach foar sportferslachjouwer Arjen de Boer. Oft hy him ek soargen makket?
"Ja, eins wol. Want it gefaar moat komme fan Osame Saharoui. Dat is by far de meast talintfolle spiler fan Hearrenfean. Mar set dêr twa man op en dat gefaar is fuort. Ché Nunnely is oan de rjochterkant noch te meager."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is it mei Arjen iens. "Nunnely is der noch net. Al hoopje se dat hy noch better wurdt, omdat hy der lang út west hat mei in swiere blessuere."
De Vries makket him ek wol soargen: "In bytsje wol ja. Ast nei de basis sjochst, binne allinnich Sydney van Hooijdonk en Milan van Ewijk fuort. Mar der is ek net folle jild te besteegjen om nije spilers te heljen, al ferwachtsje ik wol dat se sizze wike de nije spits Ion Nicolaescu presintearje."
"Dat seisto no wol", seit De Boer oer it útjaan fan jild. "Mar se ha wol 2,2 miljoen euro útjûn oan Daniel Karlsbakk." De Vries: "As dy net slagget, is dat yndie in flinke ketser."
Yn de lêste Sportcast foar de simmer wie Henk de Jong te gast. Dy joech oan dat as hy yn septimber wer folslein fit is, dat hy wol wer op it fjild stean wol.

Sjors Ultee fersus Henk de Jong

Guon supporters fine dat De Jong trainer wurde moat. Sa wie der by de lêste oefenwedstriid ek op de tribune efkes te hearren dat se songen foar De Jong.
Neffens Daniël van Kaam, de nije Cambuur-oanfierder, is dêr wol argewaasje oer. "Ik vind dat wel vervelend, dat er na één tegengoal om Henk de Jong wordt geroepen. Ik vind dat een beetje oneerlijk en onnodig. Dat brengt negatieve energie. Ik wil best met die supporters in gesprek."
Andor Faber: "Ik fyn it wol sterk dat hy dat docht. En ek wol terjochte."
Geert van Tuinen wit wat De Jong dwaan sil: "Ik ha begrepen dat hy dan as trainer op it fjild stiet by Jong Cambuur. Dus dan stiet hy net op it fjild mei Ultee. Se sille fêst wol gearwurkje, mar dat is dan efter de skerms."
Ik wil graag naar landen als Duitsland, Italië of Spanje. Daar is wel interesse uit, maar nog niet concreet.
Mark Diemers
Mark Diemers traint dizze simmer mei by Cambuur. Hy is noch altyd op syk nei in nije klup, neidat hy ferline seizoen degradearre mei FC Emmen. Mar is Cambuur noch in opsje?
"Die deur staat in principe op een kier. Ik heb in het begin heel duidelijk gecommuniceerd met Cambuur. Bepaalde clubs in de eredivisie gingen eerst niet door. Dat wilde ik toen heel graag."

Nei it bûtenlân

Sa prate Diemers yntusken al mei ferskate klups, mar dat gie oant no ta allegearre net troch. "Het was heel concreet. Ik heb met vier eredivisieclubs gesproken, maar dat is om verschillende redenen niet doorgegaan."
It leafst wol Diemers noch in aventoer oangean yn it bûtenlân. Earder spile hy foar Hannover 96 yn de Twadde Bundesliga en soks wol er nochris oangean.
"Er is ook uit het buitenland voldoende interesse. Maar nog niet dat wat ik voor ogen heb. Ik wil graag naar landen als Duitsland, Italië of Spanje. Daar is wel interesse uit, maar nog niet concreet. Mocht dat niet komen, dan is Cambuur altijd nog een optie."