Ion Nicolaescu - sis mar Nico - is de nije spits fan sc Hearrenfean

Ion Nicolaescu yn it shirt fan sc Hearrenfean © sc Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean hat in nije spits. Ion Nicolaescu komt oer fan Beitar Jeruzalem. Hearrenfean makket krekt wat mear as in miljoen euro oer oan de Israëlyske klup foar de spits fol selsfertouen. "I'm here to kill the league."
Nicolaescu stie al in skoft op de radar by Hearrenfean. De haadscout fan Hearrenfean Kenneth Zandvliet hie him besjoen yn Israël.
De spits woe sels graach nei Nederlân komme, mar syn klup spile ek noch Europeesk fuotbal. Beitar Jeruzalem ferlear lykwols ferline wike mei 4-1 fan PAOK Saloniki, wêrtroch't se útskeakele binne.

Ynternasjonal fan Moldavië

Nicolaescu is 24 jier, komt út Moldavië en spile oant no ta 34 kear foar dat lân. Dêryn skoarde er 12 kear. De lêste twa goals wiene yn it EK-kwalifikaasjeduel tsjin Poalen. Moldavië kaam 2-0 efter, mar Nicolaescu skoarde twa kear en Moldavië wûn ferrassend mei 3-2.
"Dat wie de grutste wedstriid yn de skiednis fan it Moldavyske fuotbal. We binne mar yn lyts lân. Seker wat fuotbal oanbelanget", seit Nicoleascu.

Topskoarderlist

Mei Beitar Jeruzalem einige hy ferline jier as sânde yn de Israëlyske kompetysje. Hy einige op de topskoarderlist as tredde (efter Erhan Zahavi, âld-PSV) mei 14 goals út 20 wedstriden. "Doe't ik kaam, stiene se lêste, mar wy waarden úteinlik sânde. We misten doe krekt de kampioenspûl. Mar we wûnen troch goals fan my noch de beker. It wie foar Beitar en foar my echt in geweldich seizoen."
By de seisfâldich Israelysk kampioen spile Nicolaescu 32 wedstriden, wêryn't hy 18 doelpunten makke en goed wie foar acht assists.
Ion Nicolaescu oer de ambysjes by Hearrenfean
Nicolaescu ferhuze op syn 19e nei de kompetysje yn Wyt-Ruslân. Dêr spile er foar Shakhtyor Soligorsk, dat him ferhierde oan FC Viterbsk. Hy ferhuze nei twa jier nei de kompetysje yn Slowakije. Dêr spile er twa jier foar FC DAC 1904 Dunajská Streda. Ek dy klup ferhierde him. By Maccabi Petah Tikva foel er op en doe ferhuze er nei Beitar Jeruzalem.
Ion Nicolaescu yn it shirt fan Moldavië © ANP
"Ik wol noait lang ergens bliuwe. Nei twa jier wol ik eins wer wat oars." Ek no, by Hearrenfean? Nicolaescu fol selsfertrouwen: "Wa wit. Dan nei Spanje."

Wichtige posysje

Mei de komst fan de Moldavysk ynternasjonal hat Hearrenfean in wichtige posysje ynfolle. Mei Daniel Karlsbakk hie trainer Kees van Wonderen eins mar ien sintrumspits yn syn seleksje. "Ik bin in echte nûmer 9," seit Nicolaesu. "Ik meitsje graach goals. Ik wol eins net sizze hoefolle. Mear as tsien? Dat wol ja. Mear as 15? Miskien wol ja. I'm here to kill the league."
Ferry de Haan oer de nije spits en de transfermogelikheden
Mei de komst fan Nicolaescu krijt Karlsbakk konkurrinsje. Karlsbakk is talintfol, mar ek in spiler dy't tiid nedich hat om himsels te ûntwikkeljen. Dêrom wie der de winsk om in ekstra nûmer njoggen te heljen.
Ferry de Haan: "Het is een internationaal gelouterde spits. Opportunistisch, maar ik denk dat dat geen kwaad kan. Hij is wat volwassener en ik denk dat dat geen kwaad kan."

Kin Nico sneon spylje?

Pelle van Amersfoort spile de lêste oefenwedstriden yn de spits, mar hy rekke yn de lêste oefenwedstriid tsjin FC Metz blessearre oan syn hamstring en it is noch mar de fraach oft er sneon tsjin RKC spylje kin.
Ion Nicolaescu sprekst út as Jon Ni-ko-lij-es-koe. Mar sels heart hy it leaver oars. "Siz mar Nico."
Tinkt Nicolaescu dat hy spylje kin sneon? "Ik bin hjir kaam om te spyljen, dus ja!"
Ion Nicolaescu oer watfoar spiler hy is
Hearrenfean hat dik ien miljoen euro betelle foar de Moldaviër, sa befestiget De Haan. No wol Hearrenfean noch in twadde keeper, in fleugeloanfaller en in linksbenige ferdediger. Mar jild dêr foar hat Hearrenfean net.
De Haan: "Op dit moment niet in de transfer. Wel in het salarishuis. Dus dan kom je op transfervrije spelers of het huren van spelers. Dat is nou eenmaal de situatie."
Neffens De Haan is Hearrenfean mominteel net yn petear mei nije spilers en is der ek gjin klup konkreet foar ien fan de spilers fan Hearrenfean.