SKS-wedstriid op De Feanhoop kin troch hurde wyn net trochgean

De wyn smyt mei dwerse kneppels. Dêrtroch kin de twadde wedstriid fan it SKS Skûtsjesilen net trochgean. De waarsomstannichheden meitsje dat it "net feilich en ferantwurde" is om de wedstriid op De Feanhoop moandei te silen, lit de wedstriidkommisje witte.
Benammen de hurde wyn makket dat der gjin geskikte rûte útset wurde kin. Sneon stie der ek in soad wyn, doe koe de wedstriid lykwols wol trochgean. It skûtsje fan It Hearrenfean sloech troch in wynpûst wol om.
"Hiene graach stride wollen"
Pieter Meeter, skipper fan Akkrum, kin him fine yn it beslút. "It is fansels dreech om sa'n kar te meitsjen, mar de wyn is sa hurd. Ut Ljouwert wei komt sels wynkrêft 7 dizze kant op", seit Meeter. "We moatte wol wyn ha, mar net safolle. We hiene graach mei de manlju stride wollen, mar de kommisje hat dit besletten. Dêr hast it mei te dwaan."
Moarn liket der wer stevige wyn te wêzen. "Ik hearde allinnich dat it dan wat konstanter is. Net dy wynpûsten, lykas hjoed. Dy kinne je net hawwe by it skûtsjesilen. Seker net yn ûndjip wetter fan fiif meter."
Omrop Fryslân stjoert om 13.45 oere noch hieltyd live út, mei ferslach fan Arjen de Boer.
Der stiet moandei boppe lân in wynkrêft 5 mei útsjitters yn krêft 6 oant 7. Neffens de organisaasje is ek de wynrjochting in probleem.
Nei de earste wedstriid yn Grou is dit de stân:
It klassemint nei ien wedstriid
Skûtsje | Skipper | Punten |
1. Grou | Douwe Azn. Visser | 0,9 |
2. Earnewâld | Sieberen van Terwisga | 2 |
3. Ljouwert | Willem Uzn. Zwaga | 3 |
4. d'Heale Moanne | Lodewijk Jzn. Meeter | 4 |
5. Huzum | Johannes Hzn. Meeter | 5 |
6. De Lemmer | Albert Jzn. Visser | 6 |
7. Akkrum | Pieter Ezn. Meeter | 7 |
8. Drachten | Jeroen Pietersma | 8 |
9. Langwar | Harmen Brouwer | 9 |
10. Súdwesthoeke | Auke de Groot | 10 |
11. Snits | Jappie Dzn. Visser | 11 |
12. De Jouwer | Rinus de Jong | 12 |
14. It Hearrenfean | Sytze Brouwer | 14 |
14. Wâldsein | Klaas van der Meulen | 14 |