Bergingsbedriuwen bûge har dizze wike oer ynspeksje Fremantle Highway

De Fremantle Highway © ANP
Bergingsbedriuwen begjinne dizze wike mei de ynspeksje fan de Fremantle Highway, dy't sûnt tongersdeitemiddei yn de Eemshaven leit. It yn brân flein frachtskip is ôfrûne wykein tagonklik makke foar ferskate bergers.
Under mear maritym tsjinstferliener Boskalis, dochterbedriuw SMIT Salvage en bergingspartner Multraship sille har deroer bûge.
Leendert Muller, managing direkteur fan Multraship, hopet dat de bergers letter op moandei of tiisdei úteinsette kinne mei de wurksumheden. Dit wykein is ûnder mear ferljochting oanbrocht yn it skip, wêrop't yn de nacht fan tiisdei 25 op woansdei 26 july boppe It Amelân brân útbruts.

Feiligens as betingst

Ek is bluswetter ôffierd en is de boel skjinmakke, seit Muller. "Het moet veilig zijn voor mensen om het schip te betreden. Dus we hebben voorbereidende maatregelen getroffen."
Feilichheidsregio Grins lit witte dat de marinebrânwacht sneontemiddei in lêste kontrôle ferrjochte hat op de Fremantle Highway. "Er was al geen gevaar meer, maar tijdens die inspectie werd duidelijk dat er nu totaal geen gevaar meer is", seit in wurdfierder.

Oarsaak brân

Dat betsjut dat de dyk frij is foar spesjalistysk ûndersyk en ynspeksjes op de Fremantle Highway. Multraship-topman Muller seit dat it om alderhande soarten ûndersyk giet, troch ferskate partijen.
"Bergers willen weten hoe ze het schip goed en veilig aan de eigenaar kunnen terugleveren, en of dat met of zonder lading moet gebeuren. Maar er wordt bijvoorbeeld ook gekeken naar de oorzaak van de brand. Het is een breed spectrum."
Om dy reden ferwachtet Muller dat de ynspeksjes en it ûndersyk "heel lang" duorje sille. "Houd rekening met weken, voordat er meer duidelijk wordt."
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.