Nij hûs yn Starum foar Oekraynske Yara: "Ik ben er echt verliefd op"

De Oekraynske Yara Tymts en har famylje krigen in pear moannen lyn te hearren dat se yn Nederlân bliuwe meie. No't de famylje in hûs tawiisd krigen hat, is it echt dien mei de ûnwissens.
De famylje ferliet Oekraïne yn 2014 doe't de Krim yllegaal anneksearre waard troch Ruslân.
Nij hûs foar de Oekraynske Yara
De muorren moatte noch skildere wurde en de meubels moatte noch yn elkoar set wurde, mar de famylje Tymts fielt har no al thús yn harren nije hûs yn Starum.
Se sitte der mar krekt in wike yn. De plinten binne troch de buorren spesjaal op maat makke, fertelt Yara. En dat fynt se bysûnder: dat sy en har famylje al sa gau waarm ûnthelle binne troch de Starumers.
"Ik was daar wel een beetje zenuwachtig over, want het is voor de eerste keer dat we een verblijfsvergunning hebben gekregen en dat we in een Nederlandse buurt terechtkomen in plaats van in een AZC. En dan denk je: 'oh, wat zullen mensen over ons denken?' Maar iedereen is supervriendelijk en heel erg behulpzaam. Beter kun je eigenlijk niet wensen", seit se.
Fereale op Starum
De famylje Tymts mocht har ynskriuwe yn trije provinsjes, mar hope yn Fryslân te bliuwen. Se binne dan ek tige bliid dat se in plakje yn Starum krigen ha. "Ik ben er verliefd op", seit Yara oer it stedsje. Se hâldt fan wetter, boatsjes en genietet fan de gesellichheid.

Yara hat sels al in baantsje yn 'e buert fûn. Se wurket yn de betsjinning by restaurant De Visserman yn it âlde sintrum. Nei de fakânsje makket se har middelbere skoalle ôf yn Ljouwert. Se wol dêrnei nei Leiden om rjochten te studearjen. Mar Starum sil se nea hielendal ferlitte, seit Yara. "Ik voel me hier echt thuis."