Liveblog | 6 augustus 2023

112 nijs 6 augustus: KNMI warskôge foar wetterhoazen | Trein ûntromme fanwege reek út fyts

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 6 augustus 2023, 20:14
20:14

Warskôging ynlutsen

It KNMI hat koade giel yntusken ynlutsen. Dat betsjut dat der gjin waarswarskôgingen mear fan krêft binne yn ús provinsje.
19:08

KNMI warskôget foar wetterhoazen

It KNMI hat foar it Waadgebiet koade giel ôfjûn om't der kâns is op wetterhoazen. Hjirfan is benammen sprake om It Amelân hinne. It kin gefaarlike situaasjes opsmite foar de lytse skipfeart en wettersporters.
Wetterhoazen binne lytse, trechterfoarmige slurfkes. Se ûntsteane boppe grutte wetteroerflakten troch rap draaiende luchtbewegingen.
© ANP
18:29

Trein ûntromme fanwege reek út fytsakku

Op stasjon Grijpskerk is in trein ûntromme fanwege in rikjende akku fan in elektryske fyts. Dat meldt RTV Noord. De stoptrein wie om 13.50 oere ôfset út Grins nei Ljouwert.
Tusken Zuidhorn en Grijpskerk waard melding makke fan reekûntwikkeling. De brânwacht hat de fyts út de trein helle en de trein fentilearre.
Nei likernôch in healoere koe de trein de reis rjochting Ljouwert oppakke. Net ien rekke ferwûne.
16:56

Fytser ferwûne yn Surhústerfean

In fytser is snein ferwûne rekke by in botsing mei in auto op de krusing fan de Blauwhuisterweg en de Boelenswei. De fytser is oerbrocht nei it sikehûs. Der wurdt ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.
© ProNews
14:39

Fûgel en hûn rêden by brân yn Snits

Der is snein brân útbrutsen yn in wenning yn Snits. Buertbewenners hawwe it fjoer sels útmeitsje kind.
In fûgel koe op 'e tiid út it hûs helle wurde. Dat jildt ek foar in hûn út it hûs dêrnjonken.
De brânwacht hat yn seis huzen kontrolearre oft de brân him net dêr nei ta ferspraat hat.
© BTB Fotografie