Sjoch hjir it twadde part fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje werom

Rein en tonger jagen de boel sneon yn 'e bulten by de Nasjonale Fierljep Manifestaasje yn It Heidenskip. Dêrom waard de twadde helte fan de kwalifikaasje en de finale ferpleatst nei snein.
Dit part fan de wedstriid is hjir werom te sjen. De ljeppers sprongen earst in kwalifikaasje en dêrnei in grutte finale.
It kommentaar waard fersoarge troch analist Hendrik Murk Haanstra en sportferslachjouwer Freark Wijma.