Mei 23 dagen rein wie july dweiltrochwiet: mar hoe bysûnder is dat?

Ek de PC hie te krijen mei flinke delslach © ANP
Al wiken dominearje ponsjo's en paraplu's it strjitbyld: hjerst yn 'e simmer. Mar hoe útsûnderlik is dat, in july mei safolle rein? En hoe reagearje ús floara en fauna dêrop?
Leafst 23 dagen hiene wy ôfrûne july mei delslach te krijen. It wetter klom oant 192 milimeter yn de reinmjitter. "Dat is bysûnder. Mar net unyk", seit Omrop-waarman Siebo Mollema.
"Yn 1942 foel der nammentlik 202 milimeter. De lêste kear dat it no wie, wie 1988 mei 211 milimeter." De trochsneed delslach yn july, sûnt de earste mjitting yn 1901, is 80 milimeter. De meast wiete dei fan foarige moanne wie 25 july. Doe stie te teller op 53 milimeter.

Strielstream

Mollema fertelt dat de oanhâldende delslach te krijen hat mei de saneamde strielstream. Dit is in tige sterke wyn op sa'n 9 à 10 kilometer hichte, dy't snelheden berikt oant 100 km/o. "Dy stream driuwt de depresjes dizze kant út. As in soarte fan treintsje, achter elkoar bliuwe se kommen."
Waarman Siebo Mollema © Omrop Fryslan, Sjoerd Dijkstra
Oft we dit faker ferwachtsje kinne, is lestich te sizzen, jout Mollema oan. "Der binne safolle klimatologen dy't rjocht foarinoar oer stean op it mêd fan klimaatferoaring. Dúdlik is dat we dit bygelyks ek yn '42 al meimakken. Ik achtsje de kâns yn elts gefal dat dit net de lêste kear wêze sil."
It is in soarte fan wipwap. As der earne in heechdrukgebiet is, dan hawwe oare kontreien krekt mei in leechdrukgebiet te krijen.
Waarman Wiebo Mollema
Dat it by ús sa wiet is, hat wer te krijen mei de hjitte en drûchte yn it suden fan Europa. "It is in soart wipwap. As der earne in heechdrukgebiet is, dan hawwe oare kontreien krekt mei in leechdrukgebiet te krijen. De natuer hâldt himsels sa yn balâns", seit er. "En op it stuit dat dy twa inoar treffe, ûntstiet der tonger."
Troch de rein kin it graan net nei binnen © ANP
Guon bouboeren smachtsje nei drûgere tiden. Sa kin troch de rein it nôt net nei binnenhelle wurde. "It nôt is ryp en dus klear om te rispjen", seit Teun de Jong, foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond.
"Ast dêrmei wachtsje moatst, dan giet it iertidich kymjen. 'Skat', hjit dat. En as je it dan dochs nei binnen helje, dan kin it begjinne te skimmeljen ûnder bewar", seit er. "Dêrom ha we gau in oantal drûge dagen nedich, want de situaasje is no echt soarchlik."

Min blêd by beammen

Foar it grutste part fan de natuer is de rein lykwols in seine. "De rein wie mear as wolkom. Sjochst it oan grutte beammen yn de doarpen", fertelt Jakob Hanenburg, boskwachter by Steatsboskbehear.
"Dy hawwe troch de drûchte, en dus de stress, in min blêd", seit Hanenburg. "En tunen mei feanige grûn binne in sintimeter sakke. Dat komt troch de ferierding fan it fean."
Wa't in rûntsje troch de bosk rint, sil opmerke dat der foar de tiid fan it jier in soad poddestuollen ferskine. Wetter is in must foar dizze skimmels, en dus binne se bedoarn de ôfrûne moanne.
It fjoerswamke lit him al faak sjen © ANP
Hanenburg fertelt dat by bygelyks de Houtwiel it fjoerswamke oeral de kop opstekt. Dit is in fjoerreade poddestoel dy't gewoanwei pas yn de hjerst groeit.
Dêrneist grypt it gers wyld om him hinne. "It groeit rap, en dus kleuret de bosk folle griener as gewoanwei. Neidiel kin lykwols wêze dat it gers it sinneljocht blokkearret foar blommen, dy't dêrtroch net ûntkime."

Bisten pakke harren koffer

Dat der faker oanhâldende drûchte is, en in langere perioade mei delslach, soarget derfoar dat guon bistesoarte harren heil earne oars sykje. "Om't it hjir no salang koeler en wieter is, giet bygelyks de swellesturtflinter, in flintersoart, nei súdliker oarden. Krekt as de skries, dy't Fryslân hieltyd faker ferlit."

Omslach

Takom wike liket it wer te kanteljen, seit Mollema. "De wyn komt dan út it suden, wêrtroch't de temperatuer hjir wat omheech giet. Njonken de kjeld sil ek de delslach fuortlûke. Nei alle gedachten set dat woansdei yn, oant yn alle gefallen 13 augustus. Fan dan ôf is it 'koffiedikweer'", seit Mollema. "Yndied, dat betsjut dat it him noch net foarsizze lit."