Hoe't in doarpke fan krekt 100 ynwenners de Freule wûn yn 1988

It winnende partoer yn 1988 © Luitzen Idsardi
Sweins is mooglik it lytste doarpke dat ea de Freule wûn hat. Jouke de Jong, Luitzen Idsardi en Marten Sytsma skreaunen skiednis. It doarpke mei krekt wat mear as 100 ynwenners hie yn 1988 de bêste jongeskeatsers fan Fryslân.
Sweins begûn grif net as favoryt oan de dei. "Wy hearden by de outsiders", fertelt Jouke de Jong. "We hienen wol in pear kear goed keatst, mar we hienen noch nea in partij wûn."
"Wy gienen de dei yn mei de gedachte dat we dochs net winne soenen", seit Luitzen Idsardi. "Dus wy koenen frijút keatse."
Dochs hie it partoer wol it idee dat se fier komme koenen. "By ôfdielingspartijen hellen wy altyd wol de tredde omloop. Dêrnei heakken we faak wat ôf. It wykein dêrfoar stienen we yn de finale tsjin Bitgummole. Doe ferlearen wy mei 5-5 6-6. We sieten der dus wol by", seit Marten Sytsma.
It partoer fan Sweins op it fjild © Luitzen Idsardi
Sweins wûn de earste omloop probleemleas fan Harns. "By 5-0 6-2 sei Luitzen tsjin my: 'gean mar fêst op de bank sitten'. No, dan fiele je je wol goed", seit Sytsma.
De mannen hienen der nocht oan: it waar wie goed, de tribunes sieten fol en se wienen allegearre yn foarm. "We sieten fuort yn in goede flow", stelt De Jong.
"Yn de twadde omloop hienen we in steand nûmer. Dêrnei troffen we Minnertsgea, ien fan de sterkere tsjinstanners. We spilen op it haadfjild en we wûnen. Dat joech in geweldich gefoel."
Luitzen Idsardi © Luitzen Idsardi
"We dienen der ek in soad foar", fertelt Sytsma. "We trainden twa jûnen yn 'e wike en wykeins in wedstriid. Op de trainings spilen we faak tsjin âldere keatsers út it doarp, bygelyks Durk Fokkema, ús coach. Dat hat ús echt better makke."

Spannende heale finale

De trije keatsers binne it der allegear wol oer iens dat de dreechste partij de heale finale wie. De tsjinstanner wie Raard-Poppenwier, mei Klaas Berkepas, letter haadklassekeatser. "Hy hie sa'n bêste opslach", wit Sytsma noch. "Doe hawwe we yn it perk ruile, Luitzen foaryn en ik efteryn."
Sa luts Sweins de partij oer de streek (5-4 6-6). "Doe ûntstie by my pas it gefoel dat we him wolris winne koenen", seit Idsardi.
Fansels wie ik bliid, mar ik wie net hielendal út 'e skroeven. Ik hie net sa goed troch hoe grut dizze wedstriid wie.
Luitzen Idsardi oer de Freulewinst
Yn de finale trof Sweins Easterein. "We wisten dat de sterke partoeren boppe-yn de list sieten. Doe't wy dy ferslein hienen, kamen we tsjin in minder partoer. Fan ûnderskatting wie gjin sprake. As je sa'n kâns hawwe, dan moatte je derby wêze", fertelt Sytsma.
It wie dan ek in iensidige finale. De Jong, Idsardi en Sytsma wûnen mei 0-5 2-6. "Dat wie in geweldich gefoel. Geert van Tuinen kaam mei de mikrofoan nei my ta. En yn stee fan dat ik sei dat ik hiel bliid wie, sei ik dat ik hiel wurch wie", sjocht De Jong werom op it momint.
Idsardi liet it wat oer him hinne komme. "Der gie net safolle troch my hinne. Fansels wie ik bliid, mar ik wie net hielendal út 'e skroeven. Ik hie net sa goed troch hoe grut dizze wedstriid wie."
It partoer op de koets © Luitzen Idsardi
It hiele doarp wie grutsk op De Jong, Idsardi en Sytsma. "De minsken yn Sweins folgen it fia de radio. Doe't bekend waard dat we hieltyd fierder kamen, kaam eltsenien nei Wommels ta", fertelt De Jong.
"Myn heit en mem binne ek noch fluch kaam", seit Sytsma. "Heit is wol gau wer fuortgien, want hy moast de koets optúgje foar in tocht troch it doarp."
De jonges mei de krâns om de nekke © Luitzen Idsardi
Letter dat jier waard it partoer nochris huldige yn it doarp. "We soenen op in boerewein troch it doarp hinne, mar it wie hiel min waar", wit De Jong noch. "Dus we hawwe yn in frachtwein sitten en we binne huldige op in pleats. Alle minsken út Sweins en freonen wienen der." "Dy jûns hawwe we in moai feestje hân", follet Idsardi oan.
Foar it doarp Sweins betsjutte de Freule-oerwinning in soad, stelt De Jong. "Ein jierren '60, begjin jierren '70 hat Sweins ek wol goed keatst, mar dêrnei wienen se somtiden net iens fertsjintwurdige. Doe wienen der ynienen seis jonges dy't meidienen oan KNKB-wedstriden. Dat wie wol hiel spesjaal foar in doarpke fan mar 100 ynwenners."

Master yn triennen

"It hiele doarp fûn it geweldich", giet De Jong fierder. "Sweins hat gjin basisskoalle. De bern gienen nei Peins. Master Fokkema wie dêr it haad fan de skoalle. Hy makke altyd romte op it plein om te keatsen. Hy wie o sa grutsk dat 'syn' jonges de Freule wûn hienen. Hy wie hielendal yn triennen."
De manlju sjogge mei in goed gefoel werom op dy dei yn augustus yn 1988. "Ik stean altyd op it boerd en gean altyd nei de Freule ta. Dan komst ek âlde keatsers tsjin, dat is hartstikke moai."
De 121e edysje fan Freule fynt takom woansdei (9 augustus) plak. De keatspartij foar jonges is te folgjen by Omrop Fryslân yn in liveblog, mar ek op radio en telefyzje.