FIDEO: Sjoch hjir hoe't it skûtsje fan It Hearrenfean omsloech
De Gerben van Manen fleach oerside op it wetter
It wie prachtich sylwaar op de Pikmar by Grou, mar al gau kaam der yn de fierte wjerljocht op. De wyn draaide en foar't eltsenien it wist klapte it skûtsje fan It Hearrenfean op 'e side.
Adviseur Pieter Brouwer, earder skipper op it skûtsje, hie it noch nea meimakke. "Der kamen dikke flagen út, je seagen it al oankommen. Wy hawwe der wol yn opstjoerd, mar der wie gjin hâlden mear oan. It wie sa hurd en gie sa fluch, doe lei er al."
De bemanningsleden rekken net ferwûne. De lju dy't yn it wetter bedarren, binne der troch ferskate boatsjes wer út helle. Skipper Sytze Brouwer klom dweiltrochwiet wer oan board.