Liveblog
|
6 augustus
Sportnijs 5 en 6 augustus: Nij skânsrekôr yn It Heidenskip | Tuinenga wint yn Wytmarsum
Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.
- De partoeren fan Marten Bergsma en Ilse Tuinenga hawwe it haadklassekeatsen yn Wytmarsum wûn
- Jaco de Groot en Suzanne Mulder wienen de winners fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje
- De Nederlânske fuotbalfroulju, mei Sherida Spitse en Kerstin Casparij hawwe de kwartfinale fan it WK helle
Lêst bywurke: 6 augustus, 19:24
snein 6 augustus
19:24
Op 'e nij goud foar Bruinsma
Liesette Bruinsma fan Wommels hat op it WK paraswimmen yn Manchester in gouden medalje pakt op de 400 meter frije slach.
18:23
Jaco de Groot bêste op de NFM
Jaco de Groot hat de 35ste edysje fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) yn It Heidenskip wûn by de manlju. Hy kaam ta in ôfstân fan 21,72 meter, in nij skânsrekôr. By de froulju gie de oerwinning nei Suzanne Mulder (16,02 meter).
17:43
Partoer Bergsma wint yn Wytmarsum
It partoer fan Marten Bergsma, Jorn Lars van Beem en Hendrik Kootstra hat de haadklassewedstriid yn Wytmarsum wûn. Yn de finale wienen se mei 5-1 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
17:27
Fjild troch de helte by it NFM
Alle finalisten hawwe twa kear ljept by it NFM yn It Heidenskip. Dat betsjut dat it fjild troch de helte giet.
By de manlju hawwe Jaco de Groot, Bauke de Jong, Reinier Overbeek, Sytse Bokma, Ysbrand Galama, Jan Teade Nauta, Thomas van Midden en Ricardo Faaij harren kwalifisearre.
Suzanne Mulder, Tessa Kramer, Laura Maaijen en Sigrid Bokma geane troch by de froulju.
By de junioaren sitte Mark van der Horst, Germ Terpstra, Rutger Haanstra en Hidde van Dam noch yn de striid.
Timo van der Knaap, Ferran Houdijk, Djurre de Jong en Brent Monsma meitsje noch kâns op de titel by de jonges.
By de famkes binne Noa de Boer, Yrsa Maats, Berber Haanstra en Yenthe van Kammen noch yn de race.
17:15
Der wurdt wer ljept
It is wer drûch yn It Heidenskip. Der wurdt dus wer ljept by de Nasjonale Fierljep Manifestaasje.
17:09
Tuinenga wint yn Wytmarsum
It partoer fan Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra hat de haadklassepartij yn it keatsen wûn. Yn de finale yn Wytmarsum rekkenen sy mei 5-0 6-2 ôf mei Annet de Haan, Iris Oosterbaan en Sjanet Wijnia. Oosterbaan foel yn foar de blessearre Louise Krol.