Sjoch hjir de earste wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen werom

It SKS Skûtsjesilen is wer úteinset. De earste wedstriid wie sneon by Grou.
De rûte seach der sa út:
Dit is de rûte dy't syld wurdt op de Pikmar by Grou © Omrop Fryslân
Nei de rûtebesprekking yn Grou sprutsen wy mei ûnder oare minister Conny Helder fan Sport, de kampioen fan 2022 Albert Visser en de nije skippers Sieberen van Terwisga (skûtsje Earnewâld) en Lodewijk Meeter (d'Heale Moanne):
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op dizze side, mar ek op YouTube.
De útstjoering begjint alle dagen om 13.45 oere mei in foarbeskôging fan ús analisten en is live te folgjen op telefyzje, radio en fia de livestream op ús webside en app. Om 14.10 oere hinne klinkt it startskot en nei de wedstriid folgje noch neipetearen.