Noch efkes en dan kinne topsporters op It Hearrenfean yn dizze wentoer teplak

Annerients Rusch en Bastiaan Dijk © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De wentoer foar topsporters op It Hearrenfean moat oan de ein fan it jier oplevere wurde. It grutste part fan de apparteminten is yntusken al ferhierd: sa'n 80 fan de yn totaal 112.
De sechsde ferdjipping is niiskrekt boud, nei de simmer wurdt it heechste punt berikt.
It Hearrenfean profilearret him as sportstêd en lûkt al jierren in soad topsporters, lykas turners, reedriders en fuotballers. Sy wenje no allegearre ferspraat oer It Hearrenfean en omjouwing, mar de winsk is om alle topsporters byinoar wenje te litten.

Acht ferdjippingen

"Neist it wenjen kinne se hjir terjochte foar fitness, fysio, in boksskoalle en padel", sa seit projektûntwikkelder Bastiaan Dijk. De bûtenkant fan de wentoer, dy't acht ferdjippingen heech wurdt, moat in echte eachlûker wurde.
It kompleks is no noch moai ynpakt © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
"Het lijkt nu nog een vierkante toren met een donkere uitwerking. Later komt er een vrijdragende staalconstructie naar beneden, met daarover geperforeerde gouden banen. Daardoor kun je wel van binnen naar buiten kijken, maar niet van buiten naar binnen", leit Annerients Rusch út, projektlieder by de bou.

Cunabula

It goud dat ferwiist nei de gouden medaljes, dy't fansels fan de sporters ferwachte wurde. It kompleks krijt de namme 'Cunabula', dat je yn it Nederlânsk oersette kinne as 'bakermat.' "Dat moat it wêze. Hjir groeie se op in feilich plak op, as sy oan it begjin steane fan harren topsportkarriêre."
Uteinlik moat it dit wurde © Zwanenburg Projecten