FryslânDOK 'Ik ben geboren in een koud land, niet Lapland maar Friesland' oer Jeanne Bieruma Oosting

Keunstner Jeanne Bieruma Oosting kaam út in rike, Fryske, adellike famylje. Yn de FryslânDOK 'Ik ben geboren in een koud land, niet Lapland maar Friesland' toant makker Albert Jensma watfoar muoisume wei se ôflizze moast foar in frij en selsstannich wurkjend libben. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Hoewol't Jeanne Bieruma Oosting (1898-1994) allinnich mar de earste jierren fan har libben yn Ljouwert wenne, krige se dochs in bysûndere bân mei Fryslân.
Op har njoggende ferhuze de famylje nei kastiel 'de Cloese' yn Lochem. As se útfanhûs wie by har pake op Huize Lauswolt yn Beetstersweach, siet se graach bûtendoar te tekenjen. Dêr ûntduts se har leafde foar de natuer en har tekentalint. It wie in fruchtbere boaiem foar har lettere bestean as keunstneres.

Jeanne Bieruma Oosting groeide op yn ûnmjitlike rykdom. Se wie it earste bern fan âlden ôfkomstich út de Fryske adel (memmekant, Beetstersweach) en it patrisiaat (Oranjewâld, heitekant).
Har mem wie in dochter út de famylje Van Harinxma thoe Slooten en de Van Sytzama's. Har heit syn famylje, Bieruma Oosting, wie grutgrûnbesitter en hie bestjoerlike posysjes.

Har famylje woe dat se troude, dat wie ommers it doel fan in famke yn dy tiid en hielendal yn dat miljeu. Mar Jeanne koe har net konformearje oan it libben dat troch har stân- en seksegenoaten laat waard.
Skande
Se woe keunstner wurde en gong nei Parys. Se wie in skande foar de famylje en folslein mislearre, sei har heit. Hy neamde har 'de gifswam yn it blombêd' en woe har gjin jild mear jaan. Pas neidat har heit yn 1936 stoar, krige Jeanne in lytse erfenis dêr't se fan rûnkomme koe.

Hoe kwetsend oft it ûnbegryp en de tsjinwurking fan har famylje ek wiene, it besterke Jeanne yn har foarnimmen om har eigen wei as keunstner te finen.

Yn de dokumintêre is in bysûnder filmfragmint te sjen út de jierren '80. Jeanne is dan al op jierren, mar wurket wol troch. Yn dat ynterview fertelt se dat se noait trouwe woe. "Een roeping gaat altijd een rechte weg. Het beweegt zich niet op slingerpaden", sei se.
FryslânDOK 'Ik ben geboren in een koud land, niet Lapland maar Friesland' (werhelling fan 21 en 22 maaie 2022)
- Sneon 5 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.10 oere)
- Snein 6 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.