Jiermerk Dokkum hast 50 jier, mar de takomst hinget oan in siden triedsje

De Jiermerk yn Dokkum © RTV NOF
De takomst fan de tradisjonele Jiermerk yn Dokkum is tige ûnwis. Freed wie yn de binnenstêd de 49e edysje fan de merk, mar it is noch net wis oft de jubileumedysje helle wurdt.
Der is driuwend ferlet fan nije frijwilligers en de hjoeddeiske organisatoaren tinke der oer nei om op te hâlden. "It sit presys sa 't jo dat sizze: tinke deroer om op te hâlden", seit organisator Jan Willem Hamstra.
"Ien kin it om syn sûnens net mear dwaan. En ik kin it allinne net dwaan. As der in pear minsken opstean wolle, dan wolle wy dy wol begeliede en ferantwurdlikheid nimme."
Mar as him gjin nije frijwilligers melde, komt der mooglik in ein oan de frijwillich organisearre jiermerk. "Dan wurdt it spannend, mar dan giet it nei in kommersjele partij", tinkt Hamstra. "Dêr ha wy yn it ferline wol ûnderfining mei opdien. Dy partij makke der doe in rommel fan, en doe hiene wy net in leuke merk."

"Soe skande wêze"

Foar de tûzenen besikers en fanatike ferkeapers is soks net winsklik. "Dat soe hiel skande wêze", sa seit in ferkeapster dy't al tritich jier op de merk stiet. "Miskien dat der op it moment suprême noch frijwilligers komme, dat minsken sizze: dat wol ik dwaan. Ik gean der wol fanút dat ik takom jier der op nûmer 50 by bin."
Ek besikers hoopje noch lang oer de Jiermerk strune te kinnen. "Je komme altyd mei guod thús dêr't je net op rekkene ha", sa seit in man út Eanjum. "It is drûch waar en it is hjir moai yn Dokkum. Wy genietsje derfan."