Alle opfarrenden fan de Fremantle Highway wer út it sikehûs wei

Alle opfarrenden fan it frachtskip de Fremantle Highway binne út it sikehûs. Dat meldt K Line, de charterer fan it frachtskip. De kapitein ferliet tongersdei as lêste it sikehûs.
By de brân op it skip ferline wike woansdei kaam ien persoan om it libben. Der rekken 22 minsken ferwûne.
Sûnt tongersdei leit it skip yn de Grinslanner Eemshaven. Bergingskombinaasje SMIT Salvage (ûnderdiel fan Boskalis) en Multraship Towage & Salvage út Terneuzen hawwe it frachtskip derhinne sleept.
Der komme in soad minsken sjen by it skip. Guon lju komme mei de hiele húshâlding om in foto te meitsjen en te sjen hoe't it derhinne leit. De eigener fan it skip, it Japanske Shoei Kisen Kaisha, sil mei de belutsen autoriteiten yn de Eemshaven de skea en de oarsaak fan de brân ûndersykje, seit K Line.