Stichting fan boeren wol in fyzje op it buorkjen yn de Stellingwerven

In groep boeren út de Stellingwerven besiket yn in stichting in takomst foar it buorkjen yn it gebiet te sketsen. De stichting wol by alle boeren del om harren situaasje oan te hearren.
Troch de stikstofkrisis stiet it buorkjen yn de Stellingwerven ûnder druk. "Sinds die tijd weten we dat we voor grote opgaves staan", seit inisjatyfnimmer Paul Sinnige.
Hy is feehâlder yn Appelskea. Op 500 meter fan it Drents-Friese Wold hâldt Sinnige 140 kij. Hy krige koartlyn it stimpel 'pykbelester', mar hy is al jierren oan de gong mei de opjeften yn it gebiet. "Je weet in wat voor gebied je woont, maar toch werden de opgaves veel groter dan gedacht. Daar maken we ons zorgen om."
De takomst fan buorkjen yn de Stellingwerven
Sinnige begûn mei fjouwer oare boerekollega's in stichting om te sjen oft der oplossingen mooglik binne. "Wij wilden graag het initiatief zelf in handen nemen, zonder dat we alles opgelegd krijgen. We willen het gebied in kaart brengen en kijken wat de situatie is."
De stichting wol útwreidzje en de kommende moannen mei boeren om tafel gean. Yn it gebiet buorkje sa'n 250 boeren.
Dwerslizzers
De dielname oan it trajekt is op frijwillige basis en kostet de boeren neat. Sinnige ferwacht in soad flecht op de koai, want de animo is al grut. "Er zijn boeren die vragen wanneer we langskomen. We horen alle verhalen aan, want dwarsliggers zijn zelfs welkom. Dan kun je uitleggen wat je dwars zit en wat de oplossing zou kunnen zijn."

De stichting stelt fiif coaches oan dy't by bedriuwen del gean. Ien fan harren is Roelof Jacobi, dy't al jierren yn de agraryske sektor wurket.
"Ik sjoch om my hinne dat de frustraasje hieltyd grutter wurdt. Der is gjin stip op de hoarizon en dus stiet eltsenien stil. Ik hoopje dat der no wat perspektyf komt", seit er.
Hy wol mei de boeren om tafel om harren ferhaal te hearren. "Je krije dan in byld fan it hiele gebiet. Je witte dan wat boeren sels wolle, hoe sy it bêste nei de takomst buorkje kinne. As der bygelyks earne ien is dy't ophâlde wol, smyt dat wer romte op foar in oar."
Polityk
De beide manlju witte ek dat polityk úteinlik bepaalt. "Dit rapport is ook niet ineens de oplossing voor de stikstofcrisis," seit Sinnige. "Maar ik geloof wel dat wij een visie uit kunnen stippelen. Daarnaast geloof ik ook dat beleid beter werkt als het van onderop komt. Als alle neuzen dezelfde kant op staan, kunnen we meer voor dit gebied doen."