Concours Hippique Rijs klear foar wiet wykein: "Lit de wite skuon mar thús"

Foarsitter Frederik Veltman fan it Concours Hippique Rijs © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op en by Manege Gaasterland binne frijwilligers dizze dagen drok dwaande mei de tariedings op it Concours Hippique Rijs fan takom sneon. Guon saken rinne wat oars as oars trochdat der in soad rein fallen is en ek noch kommendewei is.
It terrein kin al it wetter goed ferwurkje at je sjogge nei it part dat troch de dielnimmers brûkt wurdt. Benammen foar de taskôgers moatte der al saken oars.
Foarsitter Frederik Veltman: "Der binne trije frachtweinen mei rydplaten kommen en dy wurde ek safolle mooglik te plak lein, sadat de minsken drûch oer kinne. Ik soe wol sizze: lit de wite sportskuon mar thús."
Concours Hippique Rijs klear foar wiet wykein
De grutte tribune koe net opboud wurde. "Dêrfoar hawwe wy alle lytse tintsjes dy't beskikber wienen sammele en dy komme oan de lange kant te stean, sadat wy de minsken ûnderdak jaan kinne en it skouspul goed folgje kinne."

Lytse taskôgers

Foar de lytste taskôgers is der ek wat betocht. De boartersfoarsjenningen ferhúzje fan bûten nei binnen ta. Al mei al tinkt Veltman dat it wol goed komt: "Wy litte ús net samar pakke troch it minne waar."
De earste riidplaten lizze der al yn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op it Concuers Hippique debutearret kommende ek in spesjale, histoaryske lânboushow, wêrby't minsken sjen kinne hoe't it hea 75 jier lyn fan it lân helle waard. Dêrfoar is in soad âld ark byinoar socht. Boppedat wurdt der wurke mei Fryske hynders.
Dielnimmers oan de lânboushow © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It hjit 'Oade oan de Fryske lânbou'. Je soene it suver in Frysk Lânboumuseum 'on tour' neamme kinne. "Wij proberen het oude materiaal levend te houden. Rollend en ook glijdend als het om arresleden gaat", seit ien fan de inisjatyfnimmers Gert van Dijkhuizen.

Fryske hynders

De groep hie al wat âld ark, mar hat dat útwreide mei ark fan natuerboer Hessel Bouma. De Fryske hynders hawwe ûnderfining meit dwaan fan shows. "Ze zijn ook gewend om te trekken en blijven ook rustig als de machines er achter lawaai maken", seit Van Dijkhuizen.