Liveblog | 4 augustus 2023

112-nijs 4 augustus: Loads op yndustryterrein Balk yn 'e brân | Wurkstraf foar Dokkumer

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 4 augustus 2023, 20:31
20:31

Loads yn 'e brân yn Balk

© CAMJO media
De brânwachten fan Balk, Sleat, Wâldsein en Snits binne freedtejûn útriden foar in brân yn in loads oan de Eigen Haard. Dy strjitte leit oan de westkant fan it doarp op it yndustryterrein. De brânwacht hie opskaald nei in middelbrân. Krekt foar 21.00 oere koe de brânwacht melde dat it fjoer wer út wie. Der wurdt noch in neikontrôle dien.
19:26

Papierkontener yn 'e brân yn Ljouwert

© AS Media
Oan de Prinsessenweg yn Ljouwert hat brân west yn in kontener mei papier. It fjoer soarge dan ek foar flink wat reek. De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle en dêrnei waard de kontener leechhelle, om der wis fan te wêzen dat de brân oer wie. Mooglik hat der sprake west fan brânstichting.
16:32

Man dy't "als een idioot door Dokkum reed" krijt wurkstraf

In Dokkumer dy't yn desimber fan 2020 "als een idioot" troch de stêd ried hat in wurkstraf krigen fan 40 oeren en in ûntsizzing fan njoggen moannen fan it foech om te riden ûnder betingst. De man hie der alles oan dien om oan de plysje te ûntsnappen. Hy ried ek mei hege snelheid oer de stoepe.
Yn it bloed fan de Dokkumer waarden spoaren fan speed en kannabis fûn. Syn auto waard doedestiids ynnommen. De rjochter hat bepaalt dat de man syn auto net weromkrijt.
15:05

Bankhelpdeskfraudeurs feroardiele foar oplichtsjen âlder pear út Wurdum

© Shutterstock.com / Eviart
Twa manlju út Assen binne feroardiele ta in taakstraf fan sechtich oeren omdat se ferline jier besocht hawwe in âlder pear út Wurdum op te lichtsjen. De frou krige in neptelefoantsje fan de bank, der soe ien yn België besocht hawwe om jild fan de rekken te heljen. Om skea foar te kommen moast de frou har pinkoade trochjaan en soe de pas ophelle wurde. De frou leaude it, mar har echtgenoat net.
Doe't de pas ophelle waard, wegere de man om dy mei te jaan. Doe't de oplichter fuortdraafde gie de Wurdumer der op de fyts efteroan. De fertochte stapte yn in auto, mar de Wurdumer koe it kenteken trochjaan oan de plysje. De fertochten waarden letter oanholden, en waarden hjoed dus feroardiele.
13:04

Betsjinning brêge Oasingahuzen wer mooglik

De brêge docht it nei trije dagen wer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De brêge by Oasingahuzen, by Heech, kin wer betsjinne wurde. Sûnt 1 augustus lei de brêge derút. De brêge, ek bekend as De Skou, moast in spoedreparaasje ûndergean. De gemeente tocht earder dat er in wike net betsjinne wurde koe, mar nei trije dagen is dat wer mooglik.
12:01

Auto yn it wetter bedarre yn Ljouwert

© Kappers Media
Der is fan 'e moarn in auto yn it wetter riden fan de Euterpestrjitte yn Ljouwert ôf. It is net dúdlik hoe't de bestjoerder mei syn auto yn it wetter bedarre. Omstanners ha de man bystien oant dat de helptsjinsten teplak kamen. Plysje-aginten ha de bestjoerder út de auto weihelle. De kâns wie dat de auto noch fierder it wetter ynrôlje soe.
In korrespondint meldt dat de bestjoerder mei in ambulânse nei it sikehûs brocht is.