Plysje sjit en brûkt taser by efterfolging Aldehaske

In plysjeman © ANP
Yn Aldehaske hat de plysje tongersdeitejûn in warskôgingsskot lost by in efterfolging fan in 33-jierrige bestjoerder út de gemeente De Fryske Marren. De man is oanholden foar ride ûnder ynfloed fan drugs en ride sûnder jildich rydbewiis.
De bestjoerder negearre om 22.00 oere hinne in stopteken fan de plysje, dêrop sette de plysje de efterfolging yn. De auto rekke fan de wei en de bestjoerder sloech te foet op de flecht. In agint loste dêrby it warskôgingsskot.
De fertochte skrok wol, mar draafde wol wer fierder. Nei de folgjende warskôging beslút de agint in taser yn te setter. Dêrnei koe de fertochte oanholden wurde.
It brûken fan it fjoerwapen troch plysjeaginten wurdt altyd evaluearre, seit de plysje. Dat sil yn dit gefal ek noch dien wurde.