Liesette Bruinsma tredde op de 200 meter wikselslach by WK Paraswimmen

Liesette Bruinsma (argyf) © Orange Pictures
Liesette Bruinsma fan Wommels hat op de fjirde dei fan it WK Paraswimmen yn Manchester in brûzen medalje helle. Yn de finale fan de 200 meter wikselslach swom se in tiid fan 2:46.95.
De Fryske swimster moast twa Sineeske konkurrinten foarlitte: Jia Ma waard mei in tiid fan 2:40.10 earste en Liwen Cai pakte mei 2:43,23 it sulver.
Jia Ma wie Bruinsma op de iepeningsdei ek al te rap ôf. Sy behelle doe it goud op de 50 meter frije slach, dêr't Bruinsma it sulver ferôvere.
De 22-jierrige Bruinsma waard berne mei in ôfwiking oan it each, wêrtroch't sy folslein blyn wurden is. Yn 2014 kaam sy foar it earst út op in ynternasjonaal toernoai. Twa jier dêrnei waard sy yn Nederlân útroppen ta paralympysk sporter fan it jier.