Hoe moat it no fierder mei it útbaarnde autoskip?

© CAMJO Media
It autoskip dat noardlik fan It Amelân yn 'e brân fleach, leit no fêst yn de Eemshaven. Dêr kin it goed twa moannen lizzen bliuwe.
Mear as in wike lyn ûntstie der in brân oan board dy't sa grut wie dat de bemanning it fjoer net mear ûnder kontrôle krije koe. Ien fan de bemanningsleden is dêrby om it libben kaam.
It duorre dagen foardat it fjoer út wie. It skip is yntusken nei de Eemshaven sleept. Yn dit artikel kinst lêze hoe't it no fierder giet.

Hoe is it mei de bemanning?

De kapitein fan it skip leit noch yn it sikehûs. Earder melde de rederij dat de loads en de kapitein as lêsten fan de bemanning út it sikehûs ûntslein wiene. Tongersdeitemoarn joech in wurdfierder fan dyselde rederij lykwols oan dat de kapitein noch yn it sikehûs lei. De man soe lêst ha fan it sykheljen.
Doe't it skip noch op see lei kaam der in protte reek fanôf
De loads is al wol út it sikehûs ûntslein, krekt as de 21 oare bemanningsleden.

Hoe komt it mei de lading?

No't it skip oan de wâl leit, moat besjoen wurde hoe't it skip en de lading der oan ta binne, en oft der noch gefaarlike stoffen achterbleaun binne nei de brân.
"Pas als het veilig is, kan begonnen worden met ontruimen", seit de boargemaster fan de Eemshaven.
© CAMJO Media
Oan board wiene in lyte 4.000 auto's. Sa'n 500 dêrfan wiene elektrysk. De eigener hat bergingsbedriuw Boskalis de opdracht jûn om it part fan de lading dat noch yntakt is út it skip te heljen. Dat soene sa'n 800 auto's wêze.
De havenmaster fan de Eemshaven seit dat it noch net dúdlik is oft de auto's yn syn haven fan board helle wurde.
Havenmaster Pieter van der Wal is bliid dat it skip no by him yn de haven leit
Neffens havenmaster Pieter van der Wal is it wol 'aannemelijk' dat de auto's yn de Eemshaven fan board geane, mar hy seit dat it skip earst ynspekteare wurde moat, troch de berger. En troch de rederij. En troch de fersekerder. Dêrnei pas kin besletten wurde oft de auto's wol of net fan board helle wurde, seit er.
De direkteur fan bergingsbedriuw Multraship lit witte dat de ynspeksjes noch dagen duorje kinne. "Alles wat op het schip gebeurt is afhankelijk van de veiligheid aan boord", seit er.

Wat bart der mei it skip?

As de lading út it skip is, wurdt it klearmakke foar fierder transport. Dan wurdt ek bepaald oft it reparearre of sloopt wurde moat. Saakkundigen moatte bepale oft it skip total-loss is.
"We hebben een inspectie gedaan vanaf dek vijf, het oprijdek", seit topman Peter Berdowski fan Boskalis. "Daaruit bleek dat dek één tot en met vier redelijk onbeschadigd zijn. Maar naarmate je naar boven komt is het erger."
© ANP
"Dek acht is heel zwaar beschadigd en deels ingestort. Dat reflecteert hoe fel de brand is geweest."
Yn de Eemshaven kin it skip yn alle gefallen net reparearre of sloopt wurde, seit Berdowski. De eigener fan it skip moat bepale wêr't dat moat.

Kin it skip wer yn de brân fleane?

In brânwachtteam fan de marine hâldt it skip yn de gaten. Dat meldt it ministearje fan Definsje. Alve brânwachtminsken dy't spesjalisearre binne yn brânbestriding op skippen steane klear foar it gefal dat it fjoer wer oplôget.
© Kappers Media
De marinebrânwacht is kaam op fersyk fan de foarsitter fan de Grinslanner feilichheidsregio. Nei alle gedachten hâlde se it skip it hiele wykein noch yn de gaten.
It brânwachtteam hat spesjaal materiaal meinaam nei de haven. Definsje meldt dat it ûnder oare giet om de grutste heechwurker fan de Benelux, mei in berik fan 60 meter.

Hoe grut is de skea?

Topman Berdowski fan Boskalis wol gjin ynskatting jaan fan de skea. "De kosten voor het bergen an sich vallen mee, dan heb je het over een aantal schepen en een aantal dagen. Dat zijn geen tientallen miljoenen."
It bedriuw dêr't it skip fersekere is, seit dat der gjin ynformaasje jûn wurde kin oer skeaclaims fanwege in fertroulikheidsklausule yn it fersekeringskontrakt.
© ANP
Allinne it ferlies fan de auto's al soe in skeapost opsmite fan mear as 300 miljoen euro. Dat hat in Amerikaanske ekonoom besifere yn it fakblêd Automotive News.
Hy giet derfan út dat alle auto's total loss rekke binne. Troch de brân- en wetterskea kinne se yn alle gefallen net mear as nij ferkocht wurde, seit er.
Der wiene ûnder oare auto's oan board fan BMW, Mercedes, Volkswagen, Porsche, Audi en Lamborghini.
Oer eventule milieuskea as gefolch fan de brân is noch neat bekend.

Wêrom wurdt de haven ôfskerme mei in muorre fan giele konteners?

Om it skip hinne is in muorre oplutsen fan tsientallen giele seekonteners. Dy binne bedoeld om it sicht op it skip te ûntnimmen. Dat seit de havenmaster. It liket derop dat de eigener fan it skip dêr om frege hat.
© ANP
"Er zijn allemaal auto's van bekende merken aan boord", seit de havenmaster. "Die hebben in brand gestaan, en het is niet duidelijk hoe ze er aan toe zijn. Die merken worden er niet vrolijk van als er foto's van hun uitgebrande auto's in de media komen. Het is gewoon een kwestie van 'dat wil je niet in de krant hebben'."

Hoe lang bliuwt it skip lizzen yn de Eemshaven?

It skip kin goed twa moannen lizzen bliuwe. Foar 14 oktober moat it fuort wêze, seit de havenmaster.
"Het schip ligt in de Julianahaven, aan een private kade van Wagenborg. Daar hebben ze aangegeven dat het schip kan komen, maar ook dat het voor 14 oktober weer weg moet zijn. Dan komt er weer een ander groot schip."
De berger is dêr akkoard mei gien, seit de havenmaster. "Toen was er groen licht, en konden we naar binnen toe."
Zo komt de Fremantle Highway aan in de haven
De havenmaster is der bliid mei dat it skip no oan de kade leit. "Het geeft een voldaan gevoel. We hebben ervoor gezorgd dat de Waddenzee en de Waddeneilanden niet vervuild zijn geraakt en daar zijn we trots op."

Wie it spannend?

Boargemasters fan de eilângemeenten hiene soargen oer it ferpleatsen fan it skip. Carlo Eijkels fan Rykswettersteat begrypt dat wol.
"Het zou niet juist zijn om te zeggen dat het niet spannend was", seit er. "Vooral als je zag hoe het schip brandde, met veel rook. Er kon van alles gebeuren."
Carlo Eijkels fan Rykswettersteat: "We doen het veilig of we doen het niet"
"Ik ben blij dat we besloten hebben om zo snel mogelijk hier naartoe te varen. Veel partijen zijn opgelucht. Het schip ligt nu op een veilige plek."
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.