Liveblog
|
3 augustus
112-nijs 3 augustus: Auto yn 'e brân by Nijeberkeap | Oanriding tusken auto en frachtwein by Wommels
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 3 augustus, 19:14
19:14
Arrestaasjeteam oproppen foar betize man yn Ljouwert

De plysje wie mei ferskate ienheden oanwêzich op de Prinsessenweg yn Ljouwert yn ferbân mei in betize persoan. In arrestaasjeteam hat in hûs binnenfallen om by de man te kommen. Dy is op in brankaar nei it sikehûs ta brocht.
Wat him krekt ôfspile hat oan de Prinsessenweg, is net bekend makke. Neffens buertbewenners soe de man geregeld foar oerlêst soargje. De brânwacht en Liander waarden ek oproppen, om't it fermoeden bestie dat de man in gaskraan iepenset hie. De brânwacht is bleaun oant de situaasje feilich wie.
17:09
Auto brânt út nei ûngelok yn Nijeberkeap

Om 15.45 hinne is yn Nijeberkeap in auto tsjin in beam riden en yn 'e brân flein. Dat barde oan de Grindweg.
Omstanners hawwe in man út de auto helle en de helptsjinsten alarmearre.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.
15:39
Oanriding tusken auto en frachtwein by Wommels

Op de Westergoawei (N359) by Wommels hat tongersdeitemiddei in ûngelok west. In bestjoerster besocht fan de Hottingawei de provinsjale dyk op te draaien en knalde dêrby op de sydkant fan in frachtwein. Nei alle gedachten is de situaasje net goed ynskat troch de bestjoerster fan de auto, dy't net út Nederlân wei komt.
De bestjoerder fan de frachtwein rekke net ferwûne. De frou siet mei twa bern yn de auto. Ek sy rekken net ferwûne, al binne se wol bot skrokken. It ferkear op de N359 hat in skoft hinder ûnderfûn fan de situaasje, mar yntusken is de dyk wer hielendal frij.
14:58
Warkumer frijsprutsen fan brânstichting en fernieling
In 32-jierrige Warkumer is frijsprutsen fan brânstichting en fernielingen. Der wie te min bewiis foar, ek al easke de offisier fan justysje twa wiken lyn noch in behanneling en in selstraf. Reklassearring advisearre doe in psychologysk ûndersyk en in behanneling.
De man soe ferline jier fjoerwurk troch de brievebus fan de buorlju fan syn heit treaun hawwe. Begjin dit jier wie der in stoeptegel by itselde hûs nei binnen ta smiten. Yn beide gefallen bleau der dna fan de fertochte efter. De fertochte sels ûntkent alles. It dna komt om't er fjoerwurk útdield hat en syn heit holpen hat mei tegellizzen, sa ferklearre er earder. Hy fynt dat der in haatsiedkampanje tsjin syn famylje geande is.
De rjochtbank fûn it bewiis net slutend genôch, dêrom hat der frijspraak folge. De man hat hast 100 dagen fêstsitten, de man wie alwer frijlitten.
14:19
Drachtster krijt wurkstraf en mei 20 moannen net ride
In Drachtster (51) hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen en hy mei 20 moannen net ride. De man hie yn de wurden fan de offisier fan Justysje "schrikbarend veel" alcohol op. Hy ried op de Riedwei by Rottefalle in hurdrinner oan en is doe trochriden.
It efterlitten fan it slachtoffer is ien fan de ferwiten dêr't de Drachtster foar foarkomme moast. Hy hie him neffens de offisier ek skuldich makke oan gefaarlik rydgedrach en ride ûnder ynfloed. Hy hie seis kear mear alkohol hân as tastien.
13:36
Pinsteuring foarby
Hast twa oeren koene minsken yn hiel Nederlân net pinne, de steuring is yntusken oer.