Priisferlegingen op e-bikes pakke neidielich út foar guon Fryske fytseferkeapers

© ANP
Net alle fytshannelers yn Fryslân binne bliid mei de fikse koartingen dy 't fytsfabrikanten op elektryske fytsen jouwe. Juster waard bekend dat bygelyks Accell fan It Hearrenfean, ien fan de grutste fytsprodusinten fan Europa, de prizen fan guon modellen flink ferlege hat.
By Accell giet it benammen oer e-bikes fan de merken Batavus, Sparta en Koga. Ofhinklik fan it model en de priisskategory kinne de koartingen oprinne fan 200 oant wol 400 euro. Dat hâldt yn dat per augustus de advyspriis mei 5% oant 11% omleech gien is.

Goedkeaper ferkocht

De ferleging fan de advyspriis fan de e-bikes pakt neidielich út foar fytseferkeapers mei in grutte foarried: "Als de adviesprijs van een e-bike omlaag gaat, dan moeten wij daarin meegaan", seit Peter Rijpstra fan E-bikes Friesland yn Frjentsjer.
Dat betsjut dat ek de djoerder ynkochte fytsen goedkeaper ferkocht wurde moatte. "Het is niet leuk, maar het is niet anders."
"Ik fyn nét dat de klant dêr de dupe fan wêze moat, it is wat tusken Accell en ús."
Sikko Brouwer, 2Wielercentrum op De Jouwer
Dêr't de iene konsumint no in goedkeape fyts skoare kin, hat in oar dy krekt misrûn. Sikko Brouwer fan 2Wielercentrum op De Jouwer sei dêr it folgjende oer: "Wy hawwe te krijen mei minsken dy't in pear moanne lyn in fyts by ús kocht hawwe. Dy sjogge no dat wy se mei 200 of 300 euro koarting oanbiede. Se fiele har in bytsje bestellen en dat snap ik."
Dochs docht hy de prizen omleech: "Ik fyn nét dat de klant dêr de dupe fan wêze moat, it is wat tusken Accell en ús."

Entûsjast ynkeapje

De priisferlegingen fan Accell hawwe te krijen mei in oerskot oan e-bikes. Dat komt neffens Brouwer trochdat de fraach dêrnei grut wie: "Dat jildt ek foar ús, je keapje al gau entûsjast yn, want je wolle je klanten net teloarstelle."
Accell wie woansdei net berikber foar in reaksje.