Mearke fan fuotballer Oege Sietse van Lingen is dien nei ferlies tsjin Gzira United

Oege-Sietse van Lingen bliid mei wer in doelpunt © Laszlo Geczo/INPHO
It Europeeske fuotbalmearke fan oanfaller Oege Sietse van Lingen is dien. Syn ploech Dudelange wûn woansdeitejûn yn de Conference League mei 2-1 fan Gzira United, mar dat wie net genôch om de 0-2 nederlaach fan ferline wike goed te meitsjen.
It like der efkes op dat de ploech út Lúksemboarch der in ferlinging útslepe koene, nei't Samir Hadji de 2-0 op it skoareboerd sette. In tsjintreffer fan Wilkson yn de 87e minút betsjutte de ein fan it avontoer fan Dudelange en oanfaller Van Lingen.

Fjouwer doelpunten

De spits wie dit seizoen op dreef yn de foarronde fan de Conference League. Yn de foarige ronde makke hy oer twa duels fjouwer doelpunten tsjin St. Patricks út Ierlân.
Yn oktober spile Van Lingen noch by Harkemase Boys en no is er mei fjouwer treffers dield topskoarer yn de Europeeske toernoaien fan it nije seizoen.