Steenstra oer twadde PC-winst op rige: "It rûn as in trein"

"De earste kear wie spesjaal, mar dizze is ek wol hiel moai", Tjisse Steenstra is út 'e skroeven mei it prolongearjen fan de PC-titel.
Tegearre mei syn maten Hans Wassenaar en Renze Hiemstra hie hy yn de finale gjin problemen mei it partoer fan Haye Jan Nicolay.
"We wienen de hiele dei yn topfoarm. Yn de finale rûnen we der sa oerhinne. It rûn echt as in trein", konstatearret Steenstra.
Tjisse Steenstra: "It rûn as in trein"
"Ofrûne wike hie ik lêst fan de nekke, mar dat wie no klear en dan kinne je gean", fertelt Steenstra, "We wienen fuort yn foarm."
Hiemstra en Wassenaar swaaie ôf
Foar Renze Hiemstra en Hans Wassenaar wie it harren lêste PC. "It kin net moaier: de lêste winne, dan makket it net út hoe", seit Wassenaar.
Hans Wassenaar: "Folgjend jier bin ik hjir as taskôger"
Wassenaar seach dat it net spannend wie. "We fielden it wol oankommen. It is oars as je in spannende partij winne. De hiele finale hienen we de druk derop. We wienen alle trije goed hjoed. Ast it yn it foar úttekenje meist, dogge je it sa."
Olympus
Renze Hiemstra hie mar ien dream, seit er. Op de Olympus ôfskied nimme. Hiemstra hâldt dit jier op as keatser, mar hy slút net út dat er oait noch op de PC stean sil.
Renze Hiemstra nimt ôfskied op de Olympus
It is de twadde kear op rige dat Hiemstra mei syn partoer de PC wint. No wie it in hiele maklike finale. Foarich jier wie dat oars, doe wie it in thriller. "Toen zei ik ook al: zonder wrijving geen glans. Deze glimt ook wel, maar die van vorig jaar blonk veel mooier."
Ferliezers
Nei ôfrin fan de finale wie Patrick Scheepstra realistysk. "Die mannen waren niet te bekaatsen vandaag. In de tweede omloop stonden ze ook al vliegend te kaatsen, dat is jammer, maar het is wat het is."
Patrick Scheepstra: "Die mannen waren niet te bekaatsen vandaag"
"Tjisse moest van de bal. Dat was de bedoeling ook, maar als die jongen zo opslaat, dan kun je van alles willen, maar dan moet je die ballen ook maar raken. Dat is lastig."
Scheepstra syn partoer begûn noch sa goed oan de PC mei in oerwinning op it favorite partoer fan Van der Bos. "Vanaf de loting hadden we al gezegd: het wordt heel lastig. maar we stonden vliegend te kaatsen."
"Vandaag zijn we niet blij, maar dat zal morgen wel komen", wiist Scheepstra op syn twadde plak."
"Ik ha it idee dat it oan my lei"
Hessel Postma baalt, nei it ferliezen fan de finale. "We koene net genôch tsjinstân biede yn de finale. En ik ha it idee dat dat oan my lei. Myn fuotten fielden sa swier dat ik net mear oansette koe", seit er teloarsteld.
Hessel Postma nimt de skuld fan it ferlies op him