Jelle van der Kooi pakt Nederlânske titel Frysk Ras Klaverke Trije yn Bûtenpost

Jelle van der Kooi © Johanna Brinkman, Omrop Fryslân
It kampioenskip Klaverke Trije Frysk Ras is woansdeitemiddei by it 68ste Konkoers Hippyk yn Bûtenpost troch Jelle van der Kooi út Sint Nyk. Hy wist yn Bûtenpost Feike Holtrop foar te bliuwen.
Van der Kooi wûn mei syn trije Fryske hynders. "Ik fielde dat se der alle trije der ynsieten. It koe gewoan net misse", sei Van der Kooi nei ôfrin. "Ik wit dat Feike in hiel goed span hat, en dan giet it om de lêste details."
"Ik makke my wol wat soargen oer it waar, mar doe't it drûch waard en de sinne derby kaam, doe gie it goed. Sjoch, oan it reinwetter kinst neat dwaan, mar it terrein is fierder fantastysk."

Earkes

De farske Nederlânsk kampioen hie woansdeitemoarn al in goed gefoel. "Ik fielde dat ik der koart by sitte soe. Dan hoopje je dat je kampioen wurde kinne. Dat is gewoan fantastysk."
It winnende span © Johanna Brinkman, Omrop Fryslân
It wie benammen in kwestje fan de hynders skerp hâlde fertelt Van der Kooi: "Dêrfoar is de training de basis. Ik ryd se op myn stim, hoech gjin swipe te brûken. Ik sjoch oan de earkes fan de hynders dat ik dan kontakt mei se ha."

Oare kampioenen

Der stiene noch twa Nederlânske titels op it spul yn Bûtenpost. Dy giene beide nei Enschede ta. Sa waard Lambertus Huckriede kampioen yn de kategory Tuigpaarden Ereklasse.
Syn eks-frou Anneke Borkent pakte de titel by it ûnderdiel Hackney's Dames.
© Johanna Brinkman, Omrop Fryslân