1200 kilometer mei de rolstoel fan Switserlân nei Ljouwert foar it goede doel

Eric Lansu © Omrop Fryslân, Remco de Vries
In tocht fan 1200 kilometer fan Switserlân nei Ljouwert; dat is wêr't Eric Lansu fan de Stichting Friesland Beweegt op 12 augustus oan begjint. Net mei de auto of de fyts, mar mei in rolstoel op hânkrêft.
Friesland Beweegt regelt wurkûnderfiningsplakken foar minsken mei in handicap of in groanyske sykte. Lansu syn tocht is dêrom ek in sponsortocht, mar tagelyk ek mear as dat.

Meunstertocht

"Onze stichting werkt met mensen met een afstand tot de arbeidsmarkt en dan zien we heel vaak dat ze denken dat ze niets meer kunnen", leit Lansu út. "En dat is natuurlijk niet waar. Iedereen kan wel wat. Het is alleen de vraag hoe je dat er uit haalt."
Eric Lansu sil mei de rolstoel fan Switserlân nei Ljouwert
Dat wol Lansu mei syn meunstertocht sjen litte. Hy is al hiel lang oan it trainen foar dizze tocht en docht dat tritich oant fjirtich oeren yn de wike.
Hy hopet de tocht yn tweintich dagen fan tsien oeren deis te dwaan. Minsken kinne him folgje middels Facebook en sponsorje. Wannear't hy op 2 septimber wer oankomt, kinne minsken meidwaan oan de lêste etappe fan Hearrenfean nei Ljouwert.