Fremantle Highway ûnderweis nei Eemshaven, oankomst fan 'e middei ferwachte

De Fremantle Highway wurdt nei de Eemshaven yn Grinslân ta sleept. It slepen is tongersdeitemoarn om 05:00 oere begûn.
Rykswettersteat meldt dat de situaasje oan board noch hieltyd stabyl is. Under it slepen binne saakkundigen oan board fan de Fremantle Highway om it yn de gaten te hâlden.
It hinget fan de stroming en it waar ôf hoe let oft it skip oankomt, mar in wurdfierder fan Rykswettersteat ferwachtet dat it skip tusken 13.00 en 14.00 oere by de haven is. It oanlizzen kin dêrnei ek noch wol mear as in oere duorje.
"De meest logische optie"
In dei lyn sei in wurdfierder fan Groningen Seaports al dat de Eemshaven "de meest logische optie" is om it frachtskip Fremantle Highway hinne te slepen.
Rykswettersteat seit dat no ek. "De Eemshaven is de meeste geschikte haven vanwege de korte afstand (64 km), verslechterde weersomstandigheden, de aanwezige infrastructuur en de faciliteiten die de haven biedt voor de vervolgstappen in de berging van het schip."
In dei lyn lei it frachtskip mei 3.784 nije auto's oan board noch boppe Skiermûntseach en It Amelân. Moandei kaam it oan op dizze tydlike lokaasje.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.