'Kustwacht twa kear sa lang ûnderweis nei brânend autoskip'

De Guardian fan de Kustwacht foar de Fremantle Highway © Rykswettersteat
It duorre goed twa kear langer as ôfpraat foardat der in rêdinghelikopter oankaam by it brânende autoskip Freemantle Highway.
Om't der net genôch plak wie foar in folslein brânwachtrêdingsteam yn ien rêdingshelikopter moasten twa helikopters omfleane oer Rotterdam yn stee fan direkt nei it rampskip te gean. Ien moast út Den Helder weikomme en ien út Midden-Seelân. It fjoer fersprate him yntusken mei faasje op it skip.
Dat skriuwt NRC woansdeitemoarn. De krante die wiidweidich ûndersyk en prate ek mei ferskate bemanningsleden fan de rêdingshelikopters.

Warskôging

Ferantwurdlik minister Harbers wie ferline jier al warskôge, doe't de Kustwacht oerwage de helys en bemanningen fan it Amerikaansk-Britske bedriuw Bristow yn te hieren foar rêdingsoperaasjes.
Insiders foarseine doe dat it helibedriuw syn beloften net wiermeitsje koe, mar Harbers foarsei in oanfleantiid fan 10 minuten by needoproppen fan see ôf. Yn de praktyk blykt dy reaksjetiid geregeld mear as it fjouwerfâldige. Sa ek ferline wike tiisdeitejûn, mei slimme gefolgen.
Sjoch foar mear nijs oer de skipsbrân boppe de Waadeilannen op ús dossierpagina.