Eltsenien kin meihelpe oan it langste Dada-gedicht yn Drachten

Yn museum Dr8888 kinne besikers meidwaan oan it meitsjen fan it langste Dada gedicht ea yn in spesjale ynstallaasje fan keunstner Marten Winters. Eltse besiker kin in wurd ynsprekke foar it gedicht.
Dada is in streaming fan begjin 1900 tsjin logika en it beredenearre fan saken, mar just foar bygelyks yntuysje. It museum yn Drachten hat dêr in tentoanstelling oer, en oer de Dútske Dadaïstyske keunster Kurt Schwitters dy't mei besites oan Drachten de keunstners hjir ynspirearre.
Eltsenien kin mei helpe oan it langste Dada gedicht yn Drachten
"Wêr it eins om giet, is de wille om it boartsjen mei taal", seit Marten Winters oer it gedicht. "De kern fan in Dadaïstysk gedicht is de rol fan it tafal", sa seit de keunstner en sa is it ek organisearre.
Letters út in pûde
Minsken pakke in letter út in pûde en betinke in wurd dat mei dy letter begjint . En dat sprekke je yn. Dat alles wurdt dan letter oan elkoar fêst monteare en moat in 'klankgedicht' opsmite. De tentoanstelling "Ein Paradies für die neue kunst Kurt Schwitters in DR8888" is koartlyn ferlingd oant en mei 29 oktober.