De toan fan Froukje Sijtsma: "Alle wiken superwoansdei"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hjoed en ek nije wike is it superwoansdei. By Omrop Fryslân is it dan altyd spits, om't Fryslân folop stiet yn it teken fan sport. Hjoed wurdt op it Sjûkelân yn Frjentsjer de PC ferkeatst en hynsteleafhawwers komme by elkoar op it Concours Hippique yn Bûtenpost. Nije wike woansdei is it dan tiid foar skûtjesilen, de Hurdsyldei yn Snits en de Freule, de keatspartij foar de jonges yn Wommels.
Foar my is it eins alle wiken superwoansdei. Op dy dei komt myn leave famke altyd wer thús. At se twa of fiif dagen by har heit west hat, nim ik op dy dei altyd it stokje wer fan him oer. Mar hjoed net. Fanwegen de skoalfakânsje is se no twa wiken lang by har heit.
De toan fan Froukje Sijtsma
Myn freondinnen mei jonge bern binne soms wolris wat jaloersk op de foardielen fan myn ko-âlderskip. Sy soenen ek wolris in rêstich wykein foar harsels hawwe wolle. Efkes gjin bern dy't konstant in appèl op je dogge, of dy't moarns betiid al wer oan it bêd stean. Gewoan efkes allinnich frou wêze, sûnder dy memmerol.
Doe't myn famke trije jier wie, gienen har heit en ik út elkoar. Op dat momint koe ik my der noch gjin foarstelling fan meitsje hoe't it wêze soe foar in lytse pjut. Hoe't har nije libben, sûnder heit en mem yn ien hûs, derút sjen komme soe. En hoe slim se de iene kear har heit en de oare kear har mem misse moatte soe.
Ik krij noch pinebúk as ik weromtink oan dat momint. We hienen ôfpraat yn syn nije wenning. It famke wist net wêr't se krekt wie en tocht dat se by ien op besite wie. Se krûpte har heit stevich oan. En doe fertelden we dat it papa syn nije hûs wie. Dat har heit en mem altyd har âlden bliuwe sille en noch altyd likefolle fan har hâlde, mar wol yn twa ferskillende hûzen.
Werom nei hûs siet it famke op de achterbank. Ik liet de triennen stil streame. Raar fan it idee dat myn famke opgroeie soe mei skieden âlders. "Se is noch mar trije, dan binne bern hiel fleksibel", waard der sein. Mar faak genôch hat se har gefoel deroer utere. "Papa en mem binne dan miskien wol gelokkich yn harren eigen hûs, mar ik net. Ik moat altyd mar wikselje en wenne."
Myn freondinnen witte ûnderwylst wol better. In wykeintsje sûnder de bern liket se noch altyd wol wat. Mar twa wiken sûnder... se moatte der net oan tinke. Hielendal om't se witte hoe bot ik myn famke mis at se der yn de simmerfakânsje langere tiid net is.
Moarn hat se har achtste jierdei, mar ik sjoch har pas yn it wykein wer. Dus dizze wike foar my gjin superwoansdei, mar wol in supersneon. Dan hâld ik har hiel stevich fêst en sis ik hoe bliid ik bin dat se wer by my thús is."