Arnaud is mei frou en fjouwer bern 'op fakânsje' yn Oekraïne: "In hearlike tiid"

© Arnaud Dijkstra
It klinkt gek, ûnwerklik en frjemd. Arnaud Dijkstra, dy't mei helporganisaasje de Friese Rijders de ôfrûne tiid ferskate helpaksjes op tou set hat foar Oekraïne, is yn dat lân op fakânsje mei syn frou en har fjouwer bern.
Dijkstra en syn frou helpe by in fakânsjekamp foar Oekraynske bern, tichtby de Poalske grins. "We neame it net echt fakânsje, want we ha de fuotsjes net omheech hear", laket Dijkstra wannear't him frege wurdt wat hy dêr moat.

Soart fan Spulwike

It giet om bernekampen, dêr't alle wiken sa'n hûndert bern komme. It binne bern dy't yn in minne thússituaasje sitte, bygelyks om't heit of mem drugs- of alkoholferslaafd is. Yn it kamp dogge se spultsjes, mar krije se ek begelieding.
© Arnaud Dijkstra
"Dizze kampen binne der al njoggen jier", leit Dijkstra út. "En se sjogge dat dizze bern as tiener oare keuzes meitsje dan dat miskien ferwachte wurd fan bern mei harren achtergrûn. Dat is hiel moai om te sjen."

Skûlkelder

Mar, hoe moai ek, feit bliuwt dat de kampen holden wurde yn in lân yn oarloch. En dat smyt bysûndere situaasjes op hat Dijkstra fernaam. "It iene momint binne je oan it bôgesjitten, it oare momint giet it luchtalarm en sitte je mei de hiele groep yn de skûlkelder."
Yn dat gebiet sit it gesin Dijkstra dus mei fjouwer bern. De âldste twa binne 10 en 12. "We ha it mei se bepraat", fertelt heit Dijkstra. "Se mochten ek by pake en beppe achterbliuwe. Mar se woene hiel graach mei. Se ha sels it ôfrûne jier ek in soad aksjes dien om jild yn te sammeljen foar help oan Oekraïne."
Dan is der noch in twaling, fan fjouwerenheal jier âld. "We ha dit mei in soad minsken bepraat. In soad minsken ha it ús ek ôfrieden. It is hjir fansels wol oarlochsgebiet, je witte net hoe't it hjir moarn is. Mar we sitte op tsien minuten riden fan in gruttere stêd, hjir is neat om te bombardearjen."
It binne Oekraynske bern, dêr ferstean je gjin hol fan fansels. Mar dan krijst in krûpke fan ien en dat is in moaie taal.
Arnaud Dijkstra oer de tankberens fan de bern yn Oekraïne
De lieding fan it kamp is yn hannen fan Amearika. Dy wurde op 'e hichte holden fan aktuele drigings troch de Amerikaanske oerheid, seit Dijkstra. "Ik moat altyd myn telefoan by my ha. Wannear't sy te hearren krije dat it gefaarlik wurdt, belje se my. Dan moatte wy binnen in minút yn 'e auto nei de grins sitte. Dan tinkst wol, ik sit hjir mei myn bern. Sis it mar."
Dochs wol Dijkstra de driging net de oerhân krije litte. "We ha hjir in hearlike tiid. It binne Oekraynske bern, dêr ferstean je gjin hol fan fansels. Mar dan krijst in krûpke fan ien en dat is in moaie taal. De blik op dy gesichten, dat is goud wurdich."