Boeren fan Groote Veenpolder hoopje op perspektyf by besite fan deputearre Wiersma (BBB)

Boeren fan Skerpenzeel wolle jild sjen fan de nije deputearre Femke Wiersma. Jild om de Groote Veenpolder beskikber te hâlden foar de lânbou. Wiersma die it gebiet oan as diel fan har toer by boeren yn de provinsje del.
"Wel even je laarzen aantrekken hé," seit feehâlder Jaap Formsma fan Skerpenseel at hy mei de deputearre in greide bûten it doarp ynrint. Wiersma ferruilet de hakken foar de lange griene learzens en rint troch it wiete gers. Tusken de buien troch is tiid fûn om oer it gebiet te praten.
De loft is griis en de rein komt mei bakken nei beneden. Dêrmei kin de metafoar oer de situaasje fan de boeren hast net better. "Maar met de winst van BBB is er wel iets van een kleine zon doorgebroken," seit Formsma. "Maar we rekenen ons nog niet rijk."
Deputearre Femke Wiersma (BBB) op besite by boeren yn stikstofgebieten
Stadich rint Wiersma efter in groepke feehâlders oan de greide yn. Mei in skeppe makket Willem van der Linde, dy't in pleats yn Munnikebuorren hat, de grûn iepen. It feangreidegebiet beslacht sa'n 2500 hektare en der binne sa'n 28 boerebedriuwen.
Van Der Linde hellet der in stik fean út. "Dit is het voorbeeld van veengreide. De boeren werken hier al jaren aan een oplossing van de veengreideproblematiek. Maar daar hebben we geld voor nodig."
Feangreideproblematiek
Njonken de problemen oer de stikstof, spilet der noch in grut fraachstik yn it gebiet. De klaaigrûn hat bot lest fan fersakking. Dat komt benammen troch feanoksidaasje. It grûnwetter wurdt troch drûge perioades hieltyd minder en giet nei beneden. Dêrtroch komt de feangrûn drûch en brekt út elkoar.
By dat proses komt CO2 frij. "Het waterpeil omhoog krijgen is geen optie," seit Formsma. "Want wij liggen hoger dan de Noordoostpolder. Het water stroomt daar eigenlijk dan gewoon naartoe."

It wetterpeil ferheegje leit gefoelich yn de regio. Troch de fersakking is de fundearring fan hûzen minder wurden. Peallen binne ferrotte en dêrtroch komme der skuorren yn de muorre. It ferheegjen fan it wetterpeil soe in oplossing wêze kinne, mar dan kinne boeren net mear op in greide oan it wurk. De masines rinne fêst yn it wetter.
Proeftún
"Wij kijken bijvoorbeeld daarom naar het bedekken van het veen met een kleilaag van zo'n 20 centimeter. Dan werk je het proces van afbreken tegen. Daarnaast proberen we het vermengen van de veengrond met kleideeltjes. Dat verstevigt het."

De greide by Skerpenseel bestiet út ferskate proeftunen. De greide is opdield yn blokjes en dêr wurde de proeven útfiert dy't Formsma beskriuwt. De boeren hoopje dat de resultaten goed binne en dat dy úteinlik op grutte skaal tapast wurde kinne.
"Dat is fansels altyd in opsje," seit deputearre Wiersma. "Mar wy ha as provinsje ek net ûneinich jild en dus moatte wy goed sjen wêr't wy dat oan út jouwe. At de resultaten foar de feangreide goed binne, kinne wy altyd sjen wat de mooglikheden binne."