Fan ballebad oant swimbad: min waar soarget foar drokte by binnenattraksjes

© Omrop Fryslân
It mei dan wol simmerfakânsje wêze, mar in dei op it strân sit der op it stuit net yn. It reinwetter komt mei bakken út de himel, wat soarget foar drokte by ferskate binnenattraksjes yn de provinsje.

Minsken sykje massaal de oerdekte fakânsje aktiviteiten op, sa as bygelyks musea, bowlingbanen, indoorboarterstunen en swimbaden.
Mei dit waar moast by swimbad Swimfun op De Jouwer yn 'e rige stean
By swimbad Swimfun op De Jouwer moat de besikers tiisdei yn de rige stean foar in plakje yn it wetter. It swimbad moast guon dizze wike sels in 'nee' ferkeapje. "We hawwe in pear hûndert man nei hûs stjoere moatten", seit adjunkt-direkteur Tjebbe van der Meer. "Sy stiene sûnder kaartsje oan de baly. Dat is fansels wol soer."
Neffens Van der Meer is it yn fakânsjes altyd wol drok by it swimbad, mar soarcht it minne waar foar nóch mear besikers. Al is it foar it swimbad fansels gjin min nijs. "Wy hawwe de drokte ek nedich, om de enerzjyrekken betelje te kinnen."

Wrâld fan ferskil

By indoorboarterstun Ballorig yn Drachten fernimme se in wrâld fan ferskil yn ferliking ta oare jierren. Bedriuwslieder Taede de Groot is fansels bliid mei alle drokte: "Ofrûne simmer wie echt belabberd. It wie doe hiel moai waar en we hiene hast neat te dwaan."