Onderzoeksraad: skipfeartbrânsj moat mear traine op gefaarlike situaasjes

Der moat yn de skipfeartbrânsj mear oefene wurde op net-standertsituaasjes. Dat seit de Onderzoeksraad voor de Veiligheid yn it ûndersyksrapport nei in oanfarring tusken in Belgyske fiskkotter en it frachtskip Amadeus Aquamarijn, yn desimber 2021 boppe Flylân.
De fiskkotter botste doe fan achteren op it frachtskip. By it ûngelok rekken gjin minsken ferwûne, mar it frachtskip rûn wol in soad skea op.
Neffens de Onderzoeksraad voor de Veiligheid spile wurgens in rol by it ûngelok, dat nachts plakfûn. De stjoerman fan de fiskkotter hat it frachtskip doe om meardere redenen oer de holle sjoen. Sa hie de fiskkotter in alarmearringssysteem net oan.
"Hij stond uit omdat-ie heel hinderlijk is tijdens de werkzaamheden", seit Erica Bakkum, lid fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid. "Het is ook niet verplicht om die alarmsystemen aan te zetten, dat zijn hulpmiddelen. En ze worden dus nogal eens uitgezet."
Skipseigeners en maritime opliedingsynstituten wurde dêrom oproppen dêr mear omtinken oan te jaan. Ek wurde fiskersboaten oproppen om de warskôgings- en navigaasje-apparatuer net út te setten. "In de nachtelijke uren, bij monotoon werk, kan de alertheid verminderd zijn. Dan ontstaat er een soort traagheid."
Oft it ûngelok by Flylân foarkaam wie mei dat systeem, kin Bakkum net sizze. "Maar de kans op ongelukken is wel beduidend kleiner als de alarmsystemen aan staan."