Weststellingwerf wol nije heechspanningsline net troch kwetsbere natuer

Der is mear kapasiteit nedich op it net © ANP
Weststellingwerf hat in sjenswize yntsjinne tsjin in plan foar in heechspanningsline troch it westlike part fan de gemeente. Dy ferbining kin better by sneldiken del, yn stee fan troch de natuer, sa fynt it kolleezje.
It giet om in nije heechspanningsferbining dy't tusken de stasjons Vierverlaten yn Grinslân en Ens yn Flevolân komme moat. Neffens it Ryk en netbehearder TenneT is de ferbining nedich foar de enerzjytransysje.
It moat ek takomstige knyppunten op it net foarkomme. De ferwachting is dat it net yn 2030 net genôch kapasiteit mear hat om de elektrisiteit te ferfieren. Dat komt ûnder oaren troch de opkomst fan elektryske apparaten yn it húshâlden en elektryske auto's.

Kwetsber gebiet

Der lizze ferskate trasees op tafel foar in nije heechspanningsline, mar de gemeente hat benammen noed oer it trasee 'Z3'. Dy rint troch it Natura 2000-gebiet de Rottige Meente, de Brandemar en greidefûgelgebiet.
Natuergebiet De Brandemar by Aldlemmer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Weststellingwerf jout oan dat der op dit stuit in soad te dwaan is om it feangreidegebiet yn de gemeente. It is in kwetsber gebiet mei grutte opjeften. In 380 kV-heechspanningsferbining soe tefolle druk op it gebiet lizze.
Yn stee fan in heechspanningsline troch de Westhoek hinne, kin dy line better kombinearre wurde mei de A6 en A7 en in takomstige Lelyline.
De ferskate trasees © TenneT
Weststellingwerf hat net belutsen west by it opstellen fan de konseptnotysje fan it ministearje fan Klimaat en Enerzjy en freget no om in ynformaasjegearkomste. De oerheid nimt de sjenswizen mei by it opstellen fan de definitive notysje.