Baggerbedriuw wol Fremantle Highway sa gau as mooglik nei Eemshaven slepe

It skip fan Skiermûntseach ôf sjoen © CAMJO media
Baggerbedriuw Boskalis wol de Fremantle Highway sa gau as mooglik ferslepe nei de Eemshaven. "Bij voorkeur gebeurt dat zo snel mogelijk", sa seit ceo Peter Berdowski oer de situaasje mei it frachtskip.
"Wat ons betreft gaat hij naar Eemshaven, dat is de simpelste en snelste route. Maar op dit moment is er nog volop overleg hierover", sa seit Berdowski tsjin de NOS. Minsken fan syn bedriuw binne moandei foar it earst oan board fan it skip west foar in ynspeksje.
"Onze mening is dat het stabiel en veilig is en dat het versleept kan worden", ljochtet de ceo ta. "Het is natuurlijk een gehavend schip en er komt zwaarder weer aan, het zou mooi zijn als het naar een veilige haven gesleept kan worden."
Foar it safier is moatte de autoriteiten har noch bûgje oer it sleepplan fan Boskalis. Ek de haven moat ree wêze op it skip te ûntfangen. Der wurdt op dit stuit oer oerlein.

Stabyl op syn plak

De Fremantle Highway leit op dit stuit stabyl op syn plak, noardlik fan Skiermûntseach en It Amelân. Neffens Rykswettersteat binne der gjin oanwizingen dat it noch fûl brânt op it frachtskip.
De nije lokaasje smyt in bettere útgongsposysje op foar de Kustwacht, Rykswettersteat en de gearwurkjende bergingsbedriuwen. Boppedat hat it skipfeartferkear der it minste lêst fan op dit plak, sa skriuwt Rykswettersteat.
Op dit stuit lizze der noch twa bemanningsleden yn it sikehûs, seit K Line. Dat is de charteraar fan it skip. It giet om de kapitein en de loads. K Line seit fierder dat der 3784 nije auto's oan board fan it skip wiene. Dat is der 1 mear as oant no ta bekend wie.

Sleepboat

In sleepboat hâldt it skip op syn plak. Oan board is de situaasje noch hieltyd stabyl. It skip is neffens Rykswettersteat ûnder de wetterline noch yntakt en de boel it hinget net oer. In team spesjalisten fan de bergers hat in earste ynspeksje dien dêr't dit út bliken docht.
De bergers wurkje op dit stuit oan in plan fan oanpak foar it ferslepen fan it frachtskip nei in definitive lokaasje. Nei watfoar haven it skip giet, is dus noch net bekend.