Simmer yn Fryslân: Friese Ballonfeesten op 'e Jouwer

Simmer yn Fryslân: Friese Ballonfeesten op 'e Jouwer
It Simmer yn Fryslân-gefoel belibbest alle jierren wer by Omrop Fryslân. Wy gean derop út en litte sjen wêrom Fryslân sa moai is: in festival op himsels. De Friese Ballonfeesten op 'e Jouwer is it grutste ballonfestival fan Nederlân.
Bestjoerslid Gerben Veenstra fan de Friese Ballonfeesten is tefreden oer de dagen dat de ballonnen de loft yn koene. Twa dagen wie it wat minder waar, mar yn de dagen mei wat minder rein wie it feest tige slagge.
Waarman Jan Jonkman spaande ek om op de Nutsbaan en hy is mar wat te sprekken oer it ballonfarren. "Ik haw eartiids wolris sein: it moat yn it sikefûnspakket. Je reitsje de stress gewoan kwyt."
Wy hawwe alle eveneminten yn Fryslân foar dy op in rige set. Sjoch foar de folsleine aginda op de Simmer yn Fryslân-side.