Hearrenfean hellet rjochtsback fan Feyenoord, Sweedske doelman op proef

Denzel Hall © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat in nije rjochtsback binnen. De 22-jierrige Denzel Hall makket de oerstap fan Feyenoord. Hearrenfean wie op syk nei in rjochtsback, no't Milan van Ewijk fuort is.
Hall waard it ôfrûne seizoen troch Feyenoord úthierd oan ADO Den Haag. "Denzel is een rechtervleugelverdediger maar kan ook op andere posities in de verdediging uit de voeten", seit algemien direkteur Ferry de Haan fan Hearrenfean. "Hij is een speler met veel snelheid en drive."
De Rotterdammer tekenet in kontrakt fan fjouwer jier op It Hearrenfean.

Doelman op proef

Dêrnjonken is de 26-jierrige doelman Oscar Linner de kommende dagen op proef by sc Hearrenfean. De Sweed sit sûnder klup. Hy stie foar it lêst ûnder kontrakt by IF Brommapojkarna.
Oscar Linner © ANP
Yn it ferline spile Linner ûnder oare by Arminia Bielefeld, Brescia en Aalborg BK.
Ferline wike wie oanfaller Joel Ideho op proef by Hearrenfean, mar hy krijt gjin kontrakt oanbean.