Sloop fan ferliesjaand MFC It Spektrum yn Burdaard leit dochs wer op tafel

MFC It Spektrum yn Burdaard © It Spektrum Burdaard
It slopen fan MFC It Spektrum yn Burdaard is dochs noch in reële opsje, sa lit it kolleezje fan Noardeast-Fryslân oan de gemeenteried witte. Nei it simmerreses hopet it kolleezje de bêste opsje foarlizze te kinnen.
De opsjes dy't earder ûndersocht binne foar it ferliesjaande multyfunksjonele sintrum liede 'foarearst noch net ta in duorsume en strukturele oplossing', sa skriuwe boargemaster en wethâlders.
Wethâlder Aant Jelle Soepboer leit út dat der oanfoljend ûndersyk dien wurdt nei de opsje foar folsleine sloop. "Yn dit stadium is noch neat wis, wy ûndersykje alles en op basis dêrfan komt der in foarkarsfariant dy't wy oan de ried foarlizze."

Gebed sûnder ein

De takomst fan it Spektrum hâldt Burdaard al jierren dwaande. Yn 2011 waard it MFC boud troch de eardere gemeente Ferwerderadiel. Mar it die frij fluch bliken dat it MFC eins fierstente grut wie foar it lytse Burdaard, dêr't sa'n 1.100 minsken wennen.
It resultearre yn reade sifers. Noardeast-Fryslân moast al ferskate kearen byspringe, mar It Spektrum liket in put sûnder boaiem.

Foarsjenningen

Yn it MFC sit ûnder oare in sportskoalle, swimbad, teäterseal/bioskoop en in berneopfang. It doarp wol dy foarsjenningen graach behâlde. Dêrom binne der ferskate opsjes bepraat, lykas ferkeap of it slopen foar in part. Mar net ien fan dy opsjes liket in rêding foar It Spektrum.
It folslein slopen like fan tafel, mar om't de earder neamde opsjes gjin soelaas biede, komt de sloopkûgel dochs wer op tafel.
De projektgroep Behoud Basisvoorzieningen Burdaard-Jislum e.o. wol de opsje fan sloop ûndersykje. Der soe in lytser MFC foar yn it plak komme kinne, wêrby't foarsjenningen romten diele kinne.
Wethâlder Aant Jelle Soepboer fan Noardeast-Fryslân © RTV NOF
Neffens wethâlder Soepboer is de opsje fan folsleine sloop oandroegen troch de projektgroep. "Wy besykje it proses mei de mienskip soarchfâldich te trochrinnen. Ut de projektgroep kaam de fraach oft we net dochs dy opsje meinimme moatte, om de ried in sa folslein mooglik palet oan opsjes foarlizze te kinnen. Dat like ús as kolleezje goed."

"Flaters makke yn it ferline"

Fêst stiet foar Soepboer dat it sa net langer kin. "Wy hawwe konstatearre: sa't it no is, is it fierstente grut foar it doarp. Der hat ek noait in soad stipe foar west út it doarp wei."
Dat it gebou noch sa jong is, moat neffens Soepboer net in beletsel wêze, al fine guon it skande as it alwer sloopt wurde soe. "Dat sizze in soad minsken. Tagelyk: wat is it bêste? Geane je fan it gebou út of fan de foarsjenningen dy't je hâlde wolle. Dat lêste fyn ik eins de goede ynstek. Der binne flaters makke yn it ferline, dêrtroch stiet it no sa't it stiet."