Paraswimster Liesette Bruinsma pakt sulveren medalje op WK yn Manchester

Paralympysk swimster Liesette Bruinsma hat in sulveren medalje pakt op de earste dei fan it WK yn Manchester.
Yn de finale fan de 50 meter frije slach sette Bruinsma in tiid del fan 30,07 sekonden. It goud gie nei de Sineeske Jia Ma (29,74).
Yn de heats hie de paralympysk swimster út Wommels de twadde tiid (30,02), rom efter Jia Ma (29,32). Foar Bruinsma is it it tredde WK-sulver op rige op dizze ôfstân.